De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 165]
| |
E.G.A. Galama / Masters en FreonenGa naar voetnoot*)Skriuwend oer syn freonskip mei Martinus Nijhoff fornijt Theun de Vries ús, dat er ris it forsiik krige fan de forneamde filmer Joris Ivens foar in filmscript oer it libben fan Spinoza, en dat Nijhoff him doe oanrette dy film sa op to setten, dat it forhael yn 1673, tsjin de ein fan Spinoza syn libben, bigjinne soe mei de reis nei Utrecht yn it skip oer de rivier om foar de Hollânske reginten de fredesmûchlikheden mei de Frânske oanfallers yn it geheim to ûndersykjen. Underweis, wylst it skip rêstich troch de griene lânsdouwen sylt, tinkt Spinoza nei oer syn libben, dat yn flashbacks oproppen wurdt en dat bylden sjen lit út syn forbliuw yn Amsterdam, Rijnsburg, Voorburg. De lêste jierren, oant syn dea yn 1677, soene dêr dan efteroan komme moatte as in taheakke, in epilooch. De Vries antwurde doe, dat it him wol in goede fynst talike, mar dat Nijhoff sels dan dat filmscript skriuwe moast, hwant syn eigen styl en methoade hie mear fan in streekrjochte epyske wize fan útbylding. Hy soe him mar oan de kronologyske folchoarder hâlde. Gjin niget dat De Vries, doe't er gear soe oer syn eigen libbensrin, ek de histoaryske wei foar kar naem. It is al wer in diel jierren lyn, dat er yn it tydskrift De Gids in rige artikels skreau, dy't yn 1962 bondele waerden ûnder de titel Meesters en VriendenGa naar voetnoot*). De masters hawwe dus de foarstap en de autobiografyske notysjes bigjinne mei it jier 1925, as De Vries krekt achttsjin jier is en ryklik bitiid, sûnder diploma, by it gymnasium to Apeldoorn ta de doar útstapt. Hy wol fia de journalistyk nei de literatuer. Hoe't him dat slagge is, lêze wy dan yn de haedstikken In de toverkring en Gevonden vaderland. De earste skriuwer dêr't er persoanlik mei yn 'e kunde kaem, wie Herman de Man. Bûten in ûntgûcheling levere dy moeting yn Vianen, doedestiids it wenplak fan de skriuwer fan Rijshout en Rozen (1924), ek wolmienende rie op, ntl. dat er him fordjipje soe yn it wurk fan Stijn Streuvels. De Vries neamt dit ien fan de earste lessen yn de technyk fan it proaza, dy't er syn libben krige. Mar it sied foel op 'e rotsige | |
[pagina 166]
| |
groun: hy hie yn dy jierren gâns in oare foarstelling fan de idéale literatuer, ntl. dy fan de ‘romantisch-heroïsche expressie’, en dus woed er fan it koartswilich réalisme fan de Flaming of fan Herman de Man neat witte. Oan syn kontakt mei Greshoff hied er it to tankjen, dat syn earste fersebondel Terugkeer by de forneamde útjowerij fan A.A.M. Stols to Maastricht yn 1927 fan 'e parse kaem, hwat yn dy tiid gou ‘als een erkenning, een ridderslag, of althans als een grand coup d'élève’. Dêrmei wied er foargoed opnommen yn de tsjoendersrounte fan de literatuer. Om 1930 hinne koed er dêr mannen moetsje as Boutens, Marsman, Nijhoff, Slauerhoff, Werumeus Buning, Dirk Coster en oaren. Yn it relaes fan dizze moetingen leit foar in part de nijsgjirrigens fan dit tobeksjen op freonskippen, ynfloeden en strideraesjes, dy't De Vries ús yn dit boek jowt. Binammen it moanneblêd De Stem fan Dirk Coster hie in great oanpart yn De Vries syn ûntjowing ta skriuwer. Hy freget him wolris ôf, oft it printe wurd yn de tydskriften nou ek noch sa'n greate ynfloed hat op 'e oankommende skriuwers. Troch De Stem hied er in bulte nije nammen kennen leard, wied er ta meilibjen kommen mei meinimmende polemiken en enkêtes oer literatuer en humanisme, film, esthétika en ethyk. Typearjend foar it aerd fan De Vries is hwat er meidielt oer de iútwurking fan de ôfstegering fan syn earste proazapriuwkes. Wolmienende kritisi moatte dy neffens objektive mjitstêf forsmite, mar foar himsels binne se laden mei forset tsjin syn ûnmacht om syn plak skjinmeitsje to kinnen en mei de toloarstelling oer in iere, forlerne leafde. Hy moat om dy snuorje fûleindich war dien hawwe út de smelle berchpassen fan de yndividuéle lyryk wei út to brekken nei de wide romten, de heechflakten fan it forheljend proaza. Syn roman Rembrandt, útkommen yn 1931, skreau er doe yn 1927 al inkelde fragminten fan; sûnder it ôfstegerjend oardiel fan guon hied er dy oansetten nea ta in foltôge roman útwurke. Om't it Gotysk in ûnnimber stroffelblok blykte to wêzen op 'e wei nei in M.U.-eksamen Nederlânsk, roun De Vries net it paed fan de learaer, mar sette er koerts op it lêssealamtnerskip ta. Maetskiplik wie der nou in fêst doel, mar geastlik en artistyk hied er noch net in streek op syn kompas, dêr't mei wisse hân op syld waerd. It is foaral Dirk Coster, dy't er hieltyd wer opsiket, mei hwa't er in bulte praet, en dy't syn sykjen om in hâldfêst bigeliedt. De Vries hat hjir moai de gelegenheit nijsgjirrige bysûnderheden oer de skriuwers, dêr't er mei yn 'e kunde | |
[pagina 167]
| |
komt, op byldzjende wize to stallen, sa mei-iens ek in bydrage leverjend foar har biografy en foar de histoire intime fan it literaire libben fan de tritiger jierren. Ik tink bgl. oan hwat er skriuwt oer Coster syn meiredakteur fan De Stem, Just Havelaar. In wurdearjend bisprek troch Marsman yn de N.R.C. fan De Vries syn bondel Terugkeer brocht him yn persoanlik kontakt mei dy biwûndere kritikus en dichter, dy't samler wie fan De Vrije Bladen. De Vries sitearret inkelde útspraken fan him oer syn wurk en lit tagelyk sjen hoe'n greate ynfloed dy wurden hawn hawwe en ek hoe tûk rekke. Ta gâns út it wurk en de persoan fan De Vries jowe se in treflike kaei, bgl. dizze warskôging: ‘Je bent aan je dichterschap verschuldigd, dat je je menselijk verweert tegen al wat je vurige kern in je bedreigt.’ Gevonden Vaderland, it twadde haedstik, dêr't er syn moeting mei Marsman yn biskriuwt, forhellet ús ek oer syn praktyk-jier oan de O.L.B. to Hilversum. Dat forbliuw dêrre yn 1928-1929 hat in soad ta syn foarming bydroegen. Hy fielt him dêr net mear in Fries-om-utens, mar folslein Nederlanner. Troch syn wurk yn 'e lêsseal komt er yn 'e kunde mei de moderne Russyske skriuwers en de jonge Sowjet-kultuer; troch Marsman en dy syn rounte ek mei de Angelsaksyske wrâld. Hy is nou ek geregeld foar syn stúdzje yn Utrecht en komt dêrre yn oanreitsing mei de lju fan De Gemeenschap. Under dy foaroanmannen fan in Roomske avantgardistyske kultuer sagoed as fan in bettere maetskiplike en sosiale oarder, hat er binammen in bulte kontakt mei Anton van Duinkerken. As De Vries nei hast fiif-en-tritich jier op syn wenjen en wurkjen yn 't Gooi weromsjocht, neamt er dy tiid in jier fan lok en frijheit, mei doe al op 'e eftergroun in heimich langstme nei Amsterdam, dat lykas Moskou yn Tsjechow syn De trije susters foar de intelligentia op it lân sa'n alles oerhearskjende lûkplaster wie. Mar it waerd tonearsten Fryslân, dêr't er yn septimber 1929, as amtner oan 'e lêsseal to Snits, weromkaem. Hokfoar ûnderfinings hy dêr hie, docht al bliken út 'e titel fan it haedstik, dêr't er syn ‘ballingskip’ yn biskriuwt: Verloren Vaderland. Net botte freonlik neamt er de Súdwesthoeke in gerswoastenije, dêr't in ‘grimmig, calvinistisch boerenslag’ tahold, en dêr't er alhielendal gjin geastlike of gefoelsforbounens mei hie. Nijsgjirrich is hwat er ús trochdocht oer syn kontakten mei de Fryske skriuwers, dy't doe sahwat in rounte foarmen om it tydskrift De Holder hinne. Hja wiene him, de jongfeint fan 22 jier, net rebelskernôch, al koed er dat doe sels noch net sa krekt analysearje. It wie mear in oan- | |
[pagina 168]
| |
fielen fan in gemis by harren. Hoewol't er yn dy snuorje wol ris yn De Holder skreau, en yn De Gids in bulte Fryske poëzij bispriek, it heitelân fan syn jeugd yn Feanwâlden koed er dêr yn Snits net weromfine. Fryslân, dat er yn 1919 as jonge fan tolve jier forlitten hie, makke op him to folle de yndruk fan in stiemoer. It binne gjin fleurige bledsiden, dy't De Vries oer syn forbliuw yn Snits skriuwt, en it docht jin dan ek gjin nij, dat sa'n jongkeardel oanhelle rekket mei in psychysk lijen, dat er in ‘pathologisch dwangdenken aan de dood’ neamt. In tsjerkhôf is er bang fan en in lykstaesje naeit er foar út. Dochs smyt dy syktme noch wol hwat op: in diel fan de fersen út de bondel Westersche Nachten (1930) wjerspegelje dy libbenssteuring. Ek forfettet er nou wer syn wurk oan de roman Rembrandt, om yn de figuer fan Titus syn eigen gefoels- en forbyldingslibben stal to jaen en sadwaende baes to wurden. In ljochtsje yn dy neare tiid is, dat er by nou en by dan yn Sint Nikelsgea de dichter J.C. Bloem opsykje kin, dy't kantonrjochter op 'e Lemmer wie. Nijsgjirrich binne de oantinkens dy't er sa'n tritich jier letter opskriuwt oer syn moeting dêrre mei Slauerhoff, dy't er útsûnderlik foreare. In gritsige biskriuwing jowt er fan in autorit mei him en noch ien, fan Sint-Nyk nei Snits, yn 'e nacht: trije ynbannige Friezen, dy't gjin inkeld wurd sizze, elts om eigen, ûnbikende reden. Foar De Vries, letter, in greate toloarstelling, om't it de iennichste kear wie, dat er de biwûndere Slauerhoff libbensliif mette. Ek de lêste persoanlike moeting mei ien fan de stimulearjende masters en freonen út De Vries syn jonkheit, Marsman, foel yn dyselde tiid. Hy typearret de omgong mei him as yn wêzen in striid, dy't er mei alle demony fan syn jonge jierren fochten hat om ta himsels to kommen, om syn eigen aerd foar himsels ta klearrichheit to bringen. Hy seach Marsman doe as syn master en liedsman, mar it hat bliken dien, dat er fan him neat oars learde as op syn eigen kompas to silen. Foar him wie Marsman de katalysator fan syn artistike mûglikheden. De ‘Domprijs voor poëzie’, dêr't De Gemeenschap yn 1930 De Vries syn fersebondel Westersche Nachten mei bikroane, makke it him mûglik syn wurk oan 'e lêsseal yn Snits foar in jier to ûnderbrekken en yn Den Haech syn stúdzje foar it direkteursdiploma to meitsjen. Oer syn literaire moetingen dêrre forhellet er yn it haedstik Het mooiste dorp ter wereld. Nijsgjirrich skriuwt er oer P.C. Boutens, dy't lykwols neat foar syn literaire foarming bitsjut hat, mar him wol opskipe mei in ûnbrûkbere skriuwmasine, hwat in geastige anekdoate oplevere. Wichtich foar | |
[pagina 169]
| |
syn ûntjowing wiene de petearen, dy't er nou gauris hie mei de kunstkritikus Albert Plasschaert. Troch him kaem er yn 'e kunde mei it wurk fan Flaemske skilders, as Permeke, en mei moderne muzyk, as fan Ravel en Da Falla. It wie binammen it muzyklibben yn Den Haech, dat doe op De Vries mear ynfloed hawn hat, as in protte literatoaren, dêr't er nou geregeldwei kontakt mei hie. Bach, Mozart, mar foaral Beethoven troch syn demony suvere en forsterke doe syn yn 'e knipe sittend gefoelslibben. Mar in man as Ter Braak bygelyks wie in ôffaller, likegoed as it idool fan syn jonkheit, Lodewijk van Deyssel, hwaens bywêzigens op in feestmiel ta eare fan it tsienjierrich bistean fan De Stem in ûntgûcheling waerd. Oan Aart van der Leeuw sitte foar De Vries wer de bêste oantinkens fêst fan syn Haechske tiid. Dy syn dea en bigraffenis yn april 1931 biwurke foar him in krisis, dêr't er doe syn syklike eangst foar de dea troch to boppe kaem. Van der Leeuw hie mear freon as master foar De Vries west: hy wie nou súntsjesoan ta in tiid kommen, dat de masters ta freonen wurde, of, as dat net bart, ta hinderlike hoeders, dêr't men bisiket oan to ûntkommen. Sa'n tragyske ûntjowing fine wy yn it haedstik Bloei en ondergang van een vriendschap. Fan Den Haech út hie De Vries wer in bulte kontakt mei Dirk Coster, dy't doe yn Delft wenne. Hy naem it foar de Delfter master op, doe't de Forum-groep tsjin him iggewearre, mar foar syn eigen foarming wie it mear fan bitsjutting, dat er dêr yn Delft yn 'e kunde kaem mei it wurk fan de jonge neo-réalistyske Amerikanen en fan de jonge Russyske auteurs. Yn Snits werom, en nei it barren yn Dútsklân yn 1933, komt foar De Vries it momint, dat er net mear genôch hat oan syn artistike yntúysje, mar in libbensskôging breanedich is. Jierren earder al hiene latinte sosiale gefoelens by him réagearre op it wurk fan skilders as Van Gogh en Frans Masereel, en yn syn Westersche Nachten tsjûgje gedichten as De Steden, De Boeren, Armenkerkhof ek al, dat er him bihelle fielt yn de sosiale fraechstikken út dy krisistiid. De Titus-idylle út syn Rembrandt is definityf forline tiid; de Frânske revolúsje fan 1789 krijt foar him, dy't útskaeit nei syn foarâlden, Fryske Patriotten, in ôfsluting yn de Russyske fan 1917. It is dan de tiid, dat de proazaskriuwer foargoed de poëzij tobekkringt ta kanttekeningen op it libben, wylst de sosialistysk-réalistyske roman de foarm wurdt fan syn réagearjen op dat libben en op syn stúdzje fan de wurken fan Marx en Lenin. Stiefmoeder Aarde (1936) tsjûget fan dy nije koerts. Mar it dúdlik sosialistysk karakter fan dy roman en de biskriuwing dêryn fan de minne | |
[pagina 170]
| |
kanten fan de grifformearde Doleânsje yn Fryslân sinnigje it bistjûr fan de lêsseal net. De Vries rekket yn konflikt mei de Snitser reginten, mar fielt it as in forromming, as er yn jannewaris 1937 forfarre kin nei Amsterdam, dêr't er redakteur wurdt fan de kommunistyske Tribune. De iepenlike swong nei lofts koste De Vries de freonskip fan Coster; it haedstik einget mei in tryst relaes fan it mislearre bisykjen, nei de oarloch, om de freonskiplike omgong wer to fornijen. De útsetter fan Meesters en Vrienden is in sympathyk bitinken fan Martinus Nijhoff, dy't tagelyk in learmaster en in freon wie, en dat earst ek noch bleau, doe't De Vries sels gjin learling yn it literaire hantwurk mear wie. Dat lêste haedstik, tige trochsichtich In de sporen van de wandelaar neamd, biskriuwt de oarlochsjierren, om't it regelmjittich persoanlik kontakt earst yn april 1941 bigoun. Oer it dichterlike skeppingsproses by Nijhoff hat De Vries in aparte stúdzje skreaun: M. Nijhoff, wandelaar in de werkelijkheid (1946). Hjir lykwols komme binammen ek de yllegale aktiviteiten to praet; bgl. De Vries syn wurk foar de kommunistyske Vrije Katheder en Nijhoff syn oandiel yn de oanslach op it Amsterdamsk Bifolkingsregister. It lêste oarlochsjier siet De Vries yn it konsintraesjekamp Amersfoart; sûnt de bifrijing wennet er wer yn Amsterdam. De idéalen fan ienheit en ienriedigens bleau al gau net in bulte fan oer, mar doe't De Vries sels, ek mei troch politike swierrichheden, yn de ûnderwâl rekke, helle Nijhoff him dêr wer út troch in reis nei Florence mei him to meitsjen. Hy hie greate forwachting fan De Vries, binammen fan dy syn plan foar de syklus De fuga van de tijd, dêr't it foarste diel fan, Anna Gaspari, yn 1952 de romanpriis fan de Jan Campert-Stichting krige. By it hommels forstjerren fan Nijhoff yn jannewaris 1953 rekke in freon wei, dy't net allinnich foar De Vries symboal, foarstrider en biwurker fan in meiinoar opgean west hie, hwat sûnt mear en mear yn 'e delgong rekke. Meesters en Vrienden hannelet neffens de titel net yn it foarste plak oer De Vries sels. Hy hat in folslein eigen libbenspaed keazen, dêr't de biwûndere masters him net ta oplaet hawwe, en dêr't de freonen him net hielendal op folgje koenen of woenen, doe't it útroun op in doktrinair marxisme, mar hwa't de ‘meesters’ en de ‘vrienden’ ken, wit ek hoe't de learling en de freon wêze sil. Sa is dizze bondel sketsen oer freonskip en ynfloed net allinnich in nijsgjirrich literair-histoarysk dokumint fan de tritiger jierren, mar binammen ek in ynteressant autobiografysk tinkskrift fan in forneamd romanskriuwer. Wis, foar de sljocht- | |
[pagina 171]
| |
wei lêzer binne de romans sels it wichtichst, mar it moat bileaven net sa wêze, dat de skriuwer fan in boek allinnich in namme bliuwt, gaedlik foar it opsykjen fan syn wurk yn de lêssealkatalogus, om't jins goekunderounte sa folle oer dy roman beart. De auteur hat ek as persoan rjocht op de oandacht fan syn lêzers, om't er as meiminske bilangryk is. |
|