jonge jierren is net lytse Wilt safolle jierren âlder wurden, de man stiet by de beam, dy't grif wol gâns grouwer is as eartiids, fiket der hwat nammen yn en giet wer fuort, mear is der net by, mar hwerom is hy krekt by dy âld beam kommen? De beam is djip biwoartele yn Fryske groun, mar de man dy't lyk as lytse Wilt farwol sein hat en fuortgien is, hwer hat dy syn woartels?
Theun de Vries skriuwt in stoer en manlik, byldzjend en linich proaza en hy hat in redenrykdom ta syn foldwaen dy't mannich skriuwer fan Hollânsk komôf him wol forgunne mocht. (Men sjocht dat mear by Fryske skriuwers dy har by it Hollânsk jown hawwe: hja moatte der flyt op dwaen). Nammersto mear falle jin inkelde eigenaerdichheden yn syn styl en wurdkar op.
Hy biskriuwt ‘een smalle zandbaan waar een goed paard een wagen met hooi schraagjes doorheen kon zeulen’, de toppen hea hingje noch yn de tûken fan 'e beammen (bls. 25). Van Dale ken it wurd schraag yn 'e bitsjutting amper, nauwelijks al, mar neamt it (gew.), provinsiael. Ik wit net út hokfoar Hollânsk sprekkende provinsje dat wurd skaeit, mar soe it net it wierskynlikste wêze dat Theun de Vries, fykjend yn de beam fan syn jonge jierren, it gewoane Fryske wurd skraech yn it sin kommen is? Alde beammen kinne in opmerkliken ynfloed ha op kunstners dy't yn har smel skaed stiene doe't se noch beamkes wiene.
Theun de Vries nimt wol faker wurden foar kar dy't by Van Dale it merkteken (gew.) drage, bygelyks op bls. 122: ‘hij dorst nu zijn ogen ook hun gerak geven’; op bls. 153: ‘En wie betaalt voor al die snipsnaren en prullen?’ (Van Dale ken nammers snipsnaren net, al snipsnaarderijen); op bls. 160: ‘Hebrigje en Sweitske kreeuwden na korte tijd dapper met haar moeder mee’ (haar yn it froulik meartal is ek gjin hjoeddeisk Hollânsk). Stal yn de bitsjutting fan postuer hjit by Van Dale (dicht.), Waling Dykstra jowt in sljochtweihinne foarbyld: ‘in keardel moai heech fan stal’ en sa brûkt Theun de Vries it wurd ek: Jouwert wie ‘een huzaar om te zien: lang van benen en stal’ (bls. 118).
Dat alles is net bjusterbaerlik mar al moai ûngewoan. It biwiist neat, mar it jowt jin to tinken, binammen as men sjocht dat Theun de Vries ek wurden brûkt dy't hielendal net by Van Dale, mar al by Waling Dykstra of yn it Frysk Wurdboek to finen binne: ‘de gewante boerenman’ (bls. 131); ‘Hij gooide de laatste brolboel die hij nog vasthield van zich’ (bls. 164); of dy't yn it Hollânsk in oare bitsjutting ha as dy hwer Theun