[Nummer 4]
Theun de Vries 60 jier
It is al wer in goed fjirtich jier lyn dat de namme Theun de Vries foar it earst opdoek yn de literatuer. Mei Friesche sagen makke er as jongfeint fan achttjin jier yn 1925 syn debút. Dat er in skriuwer wêze moast fan Frysk komôf wie dus net allinne oan syn ‘fan’ to fornimmen, mar ek oan it thema dêr't er mei útein sette. Dat ek de Fryske tael him - oars as in Slauerhoff of in Vestdijk - eigen wie, die bliken doe't der fan him yn de lêste jiergong fan De Holder (1929) in mannich oersettingen forskynden fan Georg Trakl en Georg Heym, jonge Dútske dichters út de tiid fan fuort foar de earste wrâldoarloch. Dat er de Fryske literaire produksje mei oandacht folge, koe opmakke wurde út de kritiken dy't er yn it bigjin fan de jierren tritich publisearre, û.o. yn It Heitelân. Dat er him, as bibliotheekman wenjend to Snits, ek Frysk skriuwer fielde, komt út syn lidmaetskip fan it Boun fan Fryske Kunstners en yn syn omgong mei ûnderskate skriuwende Friezen fan dy tiid. Syn tael as literator soe lykwols net it Frysk wurde, mar it Nederlânsk.
Yn inkelde tsientallen jierren hat Theun de Vries him yn dy tael in oeuvre opboud dat tusken de fyftich en de sechstich titels sit. Fia dit medium is er in bikend romanskriuwer wurden fan ynternasionale namme, hwaens wurk yn sa'n sechstjin talen oerset is.
As men de bibliografy fan syn wurk neigiet dy't efter yn dit nûmer ôfprinte is, dan is klear to sjen dat De Vries him as epysk kunstner yn gâns formiddens en tiden forpleatst hat. Mar men sjocht ek dat it thema Fryslân him nea net loslitten hat. Romans as Stiefmoeder aarde, Het rad der fortuin en Anna Casparii tsjûgje dêrfan, mar ek yn novellebondels as De tegels van de haard of De namen in de boom binne gâns oantinkens forarbeide oan it Feanwâldster formidden, dêr't Theunis Uilke de Vries op 26 april 1907 as soan fan in ‘lytse selsstannige’ to wrâld kaem. Ek syn resinte oersetting fan It heksershol út de Rimen en teltsjes