Meidieling
Lyk as yn desimber '66 al oankundige is sil it aprilnûmer fan De Tsjerne alhiel wijd wêze oan de skriuwer Theun de Vries, dy't op 26 april sechstich jier wurdt. Mei it each hjirop sil dit nûmer hwat letter yn 'e moanne forskine as ornaris.
It doel is om op de útstalling fan boeken, manuskripten etc. fan Theun de Vries dy't sneon 29 april op it Snitser stedshûs iepene wurdt, it earste eksimplaer fan dit aparte Tsjerne-nûmer oan de auteur oan to bieden.
REDAKSJE