Op it harspit
Nei de stoarm
Der hat de lêste tiid hwat striidskriuwerij west n.o.f. de annulearring fan de fusy dy't forline jier wêze soe tusken de redaksjes fan Asyl, quatrebras en De Tsjerne en yn forbân dêrmei it ôfgean fan Lolle Nauta as redakteur fan dit lêste tydskrift. Hwat doel oer it forrin fan dy kampstriid kriget men troch it lêzen fan de folgjende artikels: Fokke Sierksma, Mest in aarden vaten (De Nieuwe Linie, 4-2-'67); D.A. Tamminga, Bevuilen van eigen nest (D.N.L., 11-2-'67); J. Noordmans, Mest en mythe (Leeuwarder Courant, 9-2-'67); Sierksma, Kabaal in Friese doofpot (D.N.L., 18-2-'67); L.W. Nauta, Zuivering van eigen nest (D.N.L., 18-2-'67); L.O. ten Cate, Gebrek in het gesprek (Friese Koerier, 18-2-'67); Steven de Jong, Mest en riolen (Lw. Crt., 20-2-'67); Tamminga, De filosofen over u! (Fr. K., 28-2-'67); Freark Dam, Mei freonlike groetnis (De Strikel, febr. '67); Geart Jonkman, Mist yn ierdske koppen (ibidem).
Dit binne sahwat de kriichsfeiten. En de útslach fan de striid? It is op dit stuit noch net to sjen dat de tsjinpartiders yn dit toernoai neijer tainoar kommen binne. Fan forheldering fan ynsjach of korreksje fan stânpunten is noch in bytsje to fornimmen, al hoe rjochtút en op 'e man ôf b.g. de iepen brief fan Dam oan Sierksma yn De Strikel ek steld wie. Foaral Sierksma hat dy forheldering oant nou ta yn 'e wei stien troch in grouwe en op to min kennis fan saken en forhâldingen birêstende skematisearring. Syn projeksje fan ‘das andere Friesland’ en fan it herlieden fan alle kontroversen en kribbekeurichheden ta in (kristlik-antikristlik) generaesjekonflikt is by it bispotlike om't ôf. En Steven de Jong hat de saek dêr't it om gie noch troebelder makke troch in imaginaire clan-théory to ûntwikkeljen en troch fan it forskil fan miening oer de geskiktens fan Bauke de Jong as tydskriftredakteur in cause célèbre to meitsjen as soe de wrâld spjalte (‘het grootste schandaal uit de Friese literatuur in de 20ste eeuw’). En dat wylst er Tamminga, as dy Sierksma to liif giet, gebrek oan relativearringsformogen forwyt!
De bêste bydrage om ta hwat helderheit en it sjen fan wiere proporsjes to kommen hat sûnder mis Freark Dam levere, doe't er Sierksma wiisde op de needsaek fan in sekere - al is it krityske - solidariteit tusken Fryske skriuwers as minsken yn in minderheitsposysje. Oft dat birop yn Leiden folle fortuten dwaen sil leau ik foarlopich net. Dêrfoar is Sierksma njonkelytsen in to isolearre figuer.
Hwerta al dy skriuwerij? hawwe guon lju dy't ik trof har ôffrege. De woartel fan alle spjalt sjoch ik lizzen by de redaksje fan... quatrebras. As doetiids jonge skriuwers lyk as Marten Brouwer, Hessel Miedema en noch in pear oaren keardels útmakke, minder gau moed forlern jown en har artistike ûnlustgefoelens der ûnder krige hiene, dan hie in fodde as Asyl der noait kommen. It hie dan mooglik west om in avant-gardistysk jongerentydskrift to runnen, dat - ek essayïstysk - in eigen gesicht sjen litte koe. En by in fikse oanpak hie der foar sa'n jongerenorgaen dat it net socht yn eksklusivisme en grafyske gritsen fêst wol in finânsiéle groun to lizzen west. Mar quatrebras is in stadige dea stoarn troch de high-browerige oankomsten fan guon redakteurs, dy't boppedat domwei gjin nocht hiene oan hwat smoarch wurk.
Der sil in nije skriuwersgeneraesje fan 20 jier en hwat âlder opstean moatte om wer libben yn dizze forroune brouwerij to krijen.
D.A. TAMMINGA