As ik myn sin siz...
Unmacht en unkunde
Mei de titel: De minsken binne soldaten hat Durk van der Ploeg yn it febrewarisnûmer fan De Tsjerne dúdlik steld dat syn forhael net it forhael oer in dream wie. Hy biskriuwt de úttocht fan in heit mei syn bern út in stêd dy't swier bombardearre wurdt troch fleanmasinen. It stik spilet yn de lêste oarloch. Ik moast even oan in forhael tinke fan Jan Wolkers, dy't ek sa'n soarte úttocht biskriuwt, al wie it net om 'e bommen. Sa geef as Jan Wolkers syn forhael is, sa ûngeef en ûnwierskynlik is Van der Ploeg sines.
Hy lit de flechtsjende húshâlding ûnderdûke yn in psychiatryske ynrjochting. Wylst ticht by it gesticht de stêd bombardearre wurdt en ûnder swarte reekwolken biskûle leit, arbeidzje de pasjinten deabidaerd en sûnder taforsjoch yn 'e tún as de flechtlingen der oankomme. Hja wurde troch in forpleechster dy't út it gebou op harren tafljocht, fan de kranksinnigen forlost en meinaem yn it gebou. (Der wiene gjin forplegers, noch in direkteur, sa 't like). Dêr binne lange gongen en gâns doarren, sûnder klink en op 't slot, mar de kaeijen hingje samar foar 't gripen oan 'e muorre. De húshâlding wurdt yn forskillende keamers ûnderbrocht, dy't gâns weihawwe fan hoalen. Hja moatte krûpende troch de doarren en bilânje dan yn in romte mei strie oer de flier dêr't pasjinten op hannen en fuotten omkrûpe. De ik-persoan yn 't forhael, in jonge, wurdt op in winterdei ta it gesticht útstjûrd. Underweis treft er earne in boer dy't him op syn wein meinimt nei de pleats. Dêr bliuwt er en dêr boartet er mei it famke fan de boer. Dan komt syn heit in snein oer. Hoe't dy heit wit dat syn jonge by dy boer sit, wurdt net opheldere. De heit fordwynt op 'e joun sûnder ôfskied fan him to nimmen. Wol wiuwt er noch nei de jonge.
It is in ûnmooglik forhael en de biskriuwing fan de psychiatryske ynrjochting en