Krityk yn 't koart
Lytse forrassing
Yn in bihindige literatuer as de Fryske leit it yn 'e reden dat hast elkenien elkenien ken. Skriuwers en ek lêzers witte meast toneistenby wol hwa't hwa is en hwat dy hwa sahwat kin. Debuten fan bondeljende dichters of ‘boekjende’ romanskriuwers binne hast altyd wol tydskriftbydragen oan foarôf gien. Dy sljochtsje it paed, mar meitsje teffens dat it aldernijste nijs der ôf is. In dichtbondel fan...? In roman fan... ? O ja, dat is dy en dy!
It forrassend elemint is dêrom dûbeld sterk as jin ynienen in Fryske ‘fersebondel’ yn 'e bus rûgelt fan in jin oant nou ta ûnbikende debutant, ntl. Reinder Rienk van der Leest út Enschede. Signalemint nei ynformaesje: eartiids redakteur fan de skoalkrante monocle fan de Rykskweek to Ljouwert.
Nou is ‘bondel’ hjir hwat in great wurd. It gefal bistiet út twa yn ûnderkast biprinte bledsiden, dêr't acht fersen op foarkomme, gearfette ûnder de titel flardeguod. As ik fersen siz moat gjinien oan rymkes tinke, hwant de wenstige terstechnyske stylmiddels binne hjir net to finen. De dichter siket it net yn bylkjende taelplastyk, mar rjochtoarsom - de titel en ek de oantsjutting ‘ferskes’ is al in biwiis - yn in bipaeld soarte understatement, yn in droech-komyske konstatearring. Dizze ynhâlden toan wettiget it formoeden dat Van der Leest mear kin as er tonearsten sjen lit en miskien ek wêze wol. In foarbyld dêrfan is it fers spike:
yn it bigjin fan de earste klas fan de hbs mocht ik by frânske repetysjes
de forfoarming fan de tiidwurden avoir en être
op de billen fan myn buorfamke sjen
letter mocht ik har billen net mear sjen
mar doe stiene der ek slimmer tiidwurden op
savoir en pouvoir
D.A.T.