gebrûk. Sa bygelyks as it oer it drokke autoforkear giet op it plein foar it kafé: ‘Twa greate griene bussen skeukten har der tusken’ (bls. 39). Of dit: ‘As... de nije dei as in skiere krie tusken de gerdinen stiet’ (bls. 105). Soms ek hinget de ekonomy fan dizze skriuwtrant oer nei it afoaristyske of paradoksale: ‘in heit is in kwetsber ding’ (bls. 40); ‘Untrou is de banaelste deugd dy't de man siert’ (bls. 95); ‘Hoe âld wie ik wol net foar't ik jong wie’ (bls. 134).
Dat dit skynber achteleas werjaen fan losse tinkflodders maklik liede kin ta de ‘lytse flaterkes’ dêr't de skriuwer it yn it Tsjerne-ynterview oer hat en dy't de werklikheitsyllúzje earder ûndergrave as forstevigje, is ek út dit boek in inkelde kear op to meitsjen. Sa wurdt de lêzer en passant meidield dat bilestingman Koopmans thús de ivich sjongende bosken fan Gulbranssen op 'e boekeplanke to stean hat en ek Hoe hoort het eigenlijk? fan de paedliedster nei de sivilisaesje Amy Groskamp-Ten Have. Dat past net iens sa min by Koopmans syn geastlike status. Mar earne oars docht bliken dat er ek Vestdijk lêst (‘jaja, ik ken myn literatuer’) en selst wit er dat in bipaelde mop ek by de skriuwer W.F. Hermans foarkomt (‘Hermans hat de mop ek earne’). Ja ja, mar hwa hat dy mop mear? De skriuwer Wadman? Yn it boek dat er dwaende is to skriuwen? Mar dit binne ek de iennichste kompositoaryske útskampers dy't ik yn dizze stevich mei pin-en-gat yninoar sette roman fine koe.
It Frysk dat Anne Wadman brûkt is langer frij fan elk idioom-fetisjisme. De tael is linich en op 'e man ôf en skroomt bytiden net it brûken fan foarmen dy't ta it gewoane minskepetear bihearre, lyk as: ‘niks, rauze, trouwens, dapper, ronde, noait.’ Mei it pronomen ‘hja’ liket de skriuwer ôfweefd to hawwen; it forfangen dêrfan troch ‘sy’ en ‘se’ liket my in winstpunt ta. Dat wol wer net sizze dat Wadman him yn dit boek losmakke hat fan álle archayske foarmen dêr't ús skriuwtael - soms ûnnedich - mei opskipe sit. Sa hâldt er noch altyd fêst oan suffiksen as -leas en -eftich en oan wurden as ‘jefte, strielje, thúsreize, geast, dream, stream (mei dêrnêst drome en stoom), tins, lofter, rampsillich, ea, finzenis’ en sa noch in mannich. It soe tinkt my gjin kwea meije dat Wadman as min ofte mear baenbrekkend Frysk romancier it modernisearjen fan dit slach ‘papieren’ foarmen ek ris yn him omgean liet.
By de duvel to bycht is in nij hichtepunt yn it oeuvre fan Anne Wadman, sa hat de útjower op 'e efterkant fan it omslach printe. Nou binne útjowers yn har lofprizings wol ris by de gatten ticht, mar diskear kin men de N.V. Laverman dochs wol folslein gelyk jaen.