Jins leafde, flam fan Jins genede, yn 'e gongen fan it lok’ Psalm 23. Of út de seis-rigelige slotstrofe fan Psalm 75 dizze: ‘skoarstiennen fan aksje, liedingen fan energy, romte fan planeten, heil fan Syn hichten’. En noch in samling út Psalm 84: ‘suite fan it heil, romten fan lok, ieren fan ivichheit, skyld fan ljocht, drompels fan genede, hûs fan de frede’. Mei in gemiddelde fan trije kear per gedicht komt de konstruksje foar yn dizze bondel, dat ik kin fanwegen de beammen it bosk net mear sjen. Der binne trije fersen by dêr't dizze fanmetafoar net yn foarkomt. Ek it wurd Hear(e) wurdt as stoplape brûkt. As ik my net forsin stiet it 54 kear yn de 28 psalmen.
In hiel oar biswier tsjin dit wurk is, dat it sa faek ûntaerdet yn it banale. Sa bygelyks yn Psalm 11, dêr't mei in fariant op ‘het oog van de meester maakt het paard vet’ Dotinga skriuwt: ‘De eagen des Heare meitsje / de leauwigen fet’. En yn Psalm 65: ‘wy wenje yn 'e foarkeamers / fan it heil; / yn 'e keuken fan de genede / partsje Jo Jins leafde om.’. Dizze psalm bislút mei ‘Jo binne ús / in bjusterbaerlik God’. Dat fyn ik bjusterbaerlike útspraken. Lykas ek yn Psalm 118: ‘De Heare is myn forsekering.’ en ‘Jo binne, de kniper op 'e skine’ [Psalm 137]. Hjir ha we wer itselde as yn de bondel Notysjes it mislearre taelboartsjen, dat my oankomt as in stik ûnmacht om it oars en better to sizzen, miskien in stribjen om it moaijer to sizzen en om de bylden en bigripen tichter nei jin ta to heljen as mooglik is. Dizze psalmen bliuwe sa forstânlik en nimme jin net mei yn de flecht fan in ekstaze, lykas yn it oarspronklik, ek al is dat oarspronklike ek in oersetting mei lek en brek. Dit wurk fan Dotinga is, om de wurden fan Fedde Schurer to brûken, skreaun mei de kramp yn 'e fingers en dêrby is it in tige rasioneel bineikommen.
Qua taelhantearring hat Nei Oanlieding gâns oerienkomst mei de bondel Notysjes, al is der in inkelde psalm dy't der út kypt, lykas Psalm 8: ‘Yn dizze fûst, / dêr't wy op wenje, / ha Jo Jins ear oeral to founling lein. / Us lytskes bouwe Jo fan Lego / timpels en altaren; / mei berneeagen lizze Jo / de opstân fan 'e fijân del. Hwat yn 'e goedichheit is in minske / dat Jo him namme jowe. / En dan to bitinken / dat er “kuos kuos” roppe mei / en de bisten komme, / “lorre lorre” en de fûgels fleane. / (Hwat soe er it sels graech wolle, Heare) As ik / moanne en stjerren / oan Jins fingers hingjen sjoch, / hwer sil ik, wytbúkjende fisk, keare / Heare. Jins namme / is de koartste klap.’
Om noch efkes op dy byldspraek werom to kommen. It hat Dotinga yn dizze fersen oan kréativiteit ûntbrutsen om ta inerlike spanning to