De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 104] [p. 104] E.E. Cummings / Mei dut drokke munster... Mei dut drokke munster, minskûnheit, haw meilijen net. Foarútgong is in noflike goarre: dyn slachtoffer (dea en libben feilich oarekânt) boartet mei de greatens fan syn lytsens - elektroanen forgodlikje ien skearmeske ta in heechflakte; linzen forgreatsje ûnwinsk troch krieming hwêrhoenear ont ûnwinsk komt wer by himsels tolânne. In wrâld fan makke is net in wrâld fan berne - haw meilijen mei it earme fleis mei beammen, earme stjerren en stiennen, mar nea net mei dut spatsich specimen fan hypermagyske ultraomnipotinsje. Wy dokters kinne it hopeleaze gefal as - harkje: der is in heisliken goed universum hjirnjonken; sil 't mar wêze? (oersetting H.TJ. PIEBINGA) Vorige Volgende