De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 102] [p. 102] W.C. Williams / Gedichten Stienbrek / In soarte fan sang Lit de slange wachtsje ûnder syn krûd lit it skriuwen wêze mei wurden, staerch en kwyk, skerp to slaen, stil to wachtsjen, sûnder sliep. - troch metafoar to soenjen minsken en stiennen. Stal gear. (Gjin tinzen mar yn dingen) Bitink! Saxifraech is myn blom dy tospjalt de rots. De die Dêr stiene de roazen, yn 'e rein. Ik pleite, snij se net ôf. Se duorje dochs net, sei hja. Mar se steane sa moai dêr't se binne. Och, wy ha allegear in kear moai west sei hja, snie se ôf en joech se my yn 'e hân. [pagina 103] [p. 103] De wurden, de wurden, de wurden De rook fan 'e iris, swiet sitroen, wurdt swieter troch jild, lyksa de rook fan boekweet, de rook fan 'e frou. Sân skaeft net iepen dêr't jild is. Skiep driuwe gear, hynders wrinzgje mar jild forsêftet al. Ljep of swim sliep of wês dronken yn hokfoar earms of yn gjint jild is de kroan Dyn eagen, billen, boarsten - roazepuntich, jild is har rêstbank, har went, it ljocht troch de blinen... Frouwe efter de hage, efter de muorre: sidene lea, foarholle blank, jild sillet troch de skelve bledden boppe dy Oerein en skodzje dyn rokken foar de bûterblommen, giel as oppûtst goud Folsleine forneatiging It wie in iizge dei; Wy bigroeven de kat. Wy namen de koer en stieken dy oan efter op 't hiem. Hwat oan flieën ûntkaem ierd' en fjûr, stoar fan 'e kjeld. (oersetting H.TJ. PIEBINGA) Vorige Volgende