| |
| |
| |
Hylkje Goinga / Brief oan myn advokaet
Doe't se my hjir sakrekt delsetten, mr. Schier, fregen se my oft ik ek noch hwat winske. Ik seach om my hinne: stoel, tafel, it is hjir waerm, lekker, hwant ik wie stienkâld, ik klappertoske der fan - honger hie 'k net, sigaretten hie 'k wol, ik sei: ‘Ja, graech in jiskebak en in bloknote en in potlead of in pen. As dat kin?’ De polysje brocht my daliks hwat ik frege en in frou yn in blauwe húshâldskelk joech my kofje.
Hwant it skeat ynienen troch my hinne, dat it wol in saek wurde sil en dat ik dan in advokaet noadich haw. En omdat ik jo ken, fan namme dan (ik fyts elke dei by jo lâns, jou namme stiet rjochts fan 'e foardoar, it is in houten boerd mei de namme der ynbrând), skriuw ik jo. Jo moatte my helpe, ik hoopje, dat jo it wolle, jo hoege oars neat to dwaen as my skuldich forklearje. Ik wit net, oft ik jo alles fortelle kin yn dit brief, ik wit net hoelang se my hjir sitte litte, hwant ik wit net, hwat der fierder noch bart. Ik tink, dat der aenstouns wol in kommissaris fan polysje foar myn noas stean sil of sa of in bernerjochter of -polysje. Of ús heit fansels, hwant dy hawwe se nou al opbelle.
It forhael, dêr't ik hast wol boppe sette wol: Trije drippen bloed, sil ik jo nou fortelle. It hinget fan leagens oanelkoar, mar dat kin ik ek net helpe.
Justermiddei sei ik tsjin ús mem, dat ik noch even nei Anneke Kreimborg gong, in famke, dat by my yn 'e klasse sit en dy't krekt forhuze is. Ik kaem der wol hwat let mei oansetten, mar ik woe earst myn hier noch waskje en myn keamer oprêdde en in stik fan myn algebraproefwurk leare. Us mem sei, dat it wol mocht, mar dat ik foar seizen yn elk gefal wer thús wêze moast. Mar ik soe hielendal net nei Anneke.
Wy troffen elkoar by de greate brêge, Sjoerd en ik. Hy wie my tomjitte roun, yn dat rotwaer.
Wy wenje yn D., dus sa'n tsien kilometer fan P. Elke dei fyts ik nei skoalle, simmers en winters; ik gean noait mei de bus of better: gong. Nei dy affaire mei Jelle Weevers sit ik mei raer waer of as it gau tsjuster is jouns, wòl yn 'e bus. Ja, dy Jelle Weevers, jo sille der wol fan heard hawwe: hy is formoarde, ik wit der alles fan... Foardat ik fierder gean, moat ik jo earst hwat oer Jelle en my fortelle. De earste kear
| |
| |
daliks al, dat ik him seach hiene wy - hoe sil ik it sizze? - kontakt. Dat heart hiel nuver, as ik dat sa siz, kontakt mei in man fan sa'n fjirtich jier, dy't net gewoan prate kin, allinne mar flokke. Se sizze, dat er tropekolder hat, en syn frou en twa of trije lytse bern forlern hat yn 'e oarloch, se sizze, dat dy formoarde binne yn in kamp. Jelle wennet yn 'e Irenestrjitte, allinne, past om himsels en hy is in ôfgryslik knappe man om to sjen mei hiele greate blauwe eagen. It is hiel gek, mar wy, famkes, kenne him allegearre, mar my fytste er altyd efternei en hoe as dat kin, dat wit ik net, mar hy rûkte de tiden dat ik út skoalle kaem. Ik wie altyd bang, trape as in gek, mar hy bleau by my. Hy die noait hwat, sei noait hwat, frege neat, hy flokte allinnich mar. As er dan sa efter my oan katere, switte er ôfgryslik en waerden syn eagen hast swart. Ik wie as de dea foar him en tagelyk loek er my oan, hwant ik kóé it net litte om net om to sjen, ik móást. Mar dochs, as it raer waer wie of jouns gau tsjuster en der wiene hast gjin minsken op 'e dyk, dan gean ik mei de bus. En dan gean ik goed rjochts sitten om to sjen oft ik Jelle ek sjoch en as ik him sjoch, wuif ik, ik kin it net litte.
Omdat Sjoerd noait bigriep hoe't it presiis siet tusken my en Jelle, haette hy him like folle as dat ik bang fan him wie en ik leau, allebeide sûnder reden.
Ik sei: ‘Gô, datst my tomjitte roun bist’, en hy: ‘Ja, Joke, ik bin altyd bang, datst dy fint wer tsjinkomst.’
Wy rounen togearre nei P., dêr't de strjitlampen al oan wiene. Ik hâldde sels myn fyts beet, omdat ik altyd en altyd bang bin, dat ús heit my sjen sil mei in jonge. Se hawwe der thús in ôfgrysliken hekel oan - se wolle net, dat ik forkearing ha en al siz ik hûndert kear, dat it gjin forkearing is, allinne mar freonskip, gewoan, se wolle it perfoarst net. Net ien thús hat Sjoerd noch oait sjoen. En ús heit as forsekeringsman is altyd oeral en nergens. Hawar, wy rounen dêr, en ja, hwer praetten wy oer? Mr. Schier, ik wit it net mear.
Sjoerd wennet op keamers by kunde, hwant syn heit is oerpleatst nei Ede en hy woe graech hjir eineksamen dwaen. O ja, dêr hiene wy it doe oer fansels: mefrou Kramers wie fuort, nei har dochter, dy't nei it sikenhûs moast, samar en nou moast hja dêr it wykein op 'e bern passe. Pas folle letter krong it ta my troch, dat Sjoerd dêr nou allinnich yn in leech hûs siet. Wy dronken kofje yn De Reade Kater en wy ieten by Lodyko en doe seach ik op 'e klok fan de Middenstânsbank, dat it al healwei seizen wie.
| |
| |
Sommige dingen komme samar. Samar fansels, menhear Schier. Ik bitocht it ynienen, ik sei: ‘Sjoerd, hear ris, as ik nou ris ús mem opbelle en ik sei, dat ik by Anneke bleau, omdat har mem-en-dy nei in brulloft binne of sa, ik bitink wol hwat en wy bliuwe hjir noch hwat sitten en dan geane wy nei dyn keamer en ik sliep fannacht op it bêd fan dat mins, fan mefrou Kramers...’ Ik hie hielendal gjin sin om nei hûs, wy sieten dêr sa gesellich by Lodyko en as ik nou thúskaem wie it wer: hwat bist let! wy wiene al ûngerêst, moast dat nou sà? seine dy minsken ek net fan, en soest ek noch aeijen helje, en witst wol, dat de Meindersma's joun komme? en wy wolle net sa let ite...
Mr. Schier, it gong fansels, ús heit naem op, ik stammere net: ik wie fan doel om by Anneke to bliuwen, wy soene togearre op har nije keamer sliepe, yn it nije hûs, dat sa nij wie, dat de strjitte noch net iens lei; se hiene der noch gjin wasklinen, gjin lantearnepeallen en gjin telefoans - dat lêste is allegearre wier.
Tsjin healwei achten gongen wy nei Sjoerd syn keamer. It wie dêr in greate rommel fan boeken, skriften, droege ynsekten, tekeningen en reklameprinten fan 'e N.S., klean en skuon. Ik hie der twa kear earder west, even mar, mar doe wie alles kreas oprêdden; oan alles wie to sjen, dat mefrou Kramers net thús wie. Wy draeiden hwat plaetsjes, dêr't ik net safolle oan foun mear, mar Sjoerd kriget mar in bytsje bûsjild, dat hy kin noait de nijste platen keapje en dêr komt by, dat it him ek net safolle skele kin. Hy wol fan skoalle ôf en ik ek en dan wolle wy nei Amsterdam.
Nou moat ik it wer sizze, mr. Schier: sommige dingen komme fansels. Samar fansels. En ik kin it ek net allegearre sizze: men moat dat oanfiele. Wy wisten neat mear to sizzen en ik siet oan thús to tinken; ik fielde my net gerêst en ik moast iderkear tinke: as der nou ris hwat komt, dêr by ús thús. It sil wol nèt, mar às... En sizze doarst ik it ek net: Sjoerd snapt der noait hwat fan hoe't dat by ús thús allegearre sit... Hy soe my sa lytsbernich fine...
Né, wy wisten neat mear to sizzen, ûnwennich sieten wy der hwat, as wiene wy frjemden, as wiene wy der mei oan. En dochs fielde ik my gelokkich op 'e ien of oare wize. En Sjoerd sei ek mar neat, hy stie nei syn boekeplanke to sjen, hannen yn 'e bûs. Hy stie dêr, as wie ik der net iens mear. Ik sei: ‘Sjoerd, ik bin der ek noch.’ ‘Wit ik wol, famke.’
‘O ja? Ik tocht...’ ‘Ik tink...’ Hy tocht altyd, hy is de bêste fan 'e klasse en hy wol dokter wurde en hy mient, dat ik in pûrbêste dokters- | |
| |
frou wurde sil, mar dat wit ik noch sa net: altyd dy sykten en ellinde om jin hinne, elke dei wer swolme fingers en noazen, dy't bliede.
Wy sieten togearre op 'e stoel en doe leine wy togearre op syn bêd. Ik woe wòl en ik woe nèt. Doe wist ik net mear hwat ik al of net woe.
Mr. Schier, ik wie bang. Ik wie sa bang, dat Sjoerd hie my deameitsje kinnen, sûnder dat ik it fornommen hie. Ik míénde earst, dat ik de treppen kreakjen hearde, doe héárde ik ús heit syn stap, syn kuchje, ik séách de doar iepengean en ik seach dêr ús heit stean, syn alpinopet yn 'e hân. Ik hearde him tsjin it bêd skoppen, hy spuide nei my, ik fielde syn flibe op myn gesicht, ik hearde him hymjen, heas rôp er: ‘Joke, Joke dan dochs...’ Hy skuorde de tekkens fan it bêd... Ik koe wol skreauwe, mar ik wit net oft ik it ek die.
It wie bard. Doe seach ik trije drippen bloed op it lekken, trije útroptekens, trije stjerren, dy't forskeaten...
Fan 'e moarn wie ik al hiel bitiid wekker en ik ha in rotnacht hawn. It wie noch net iens sawn ûre. Ik waerd wekker omdat ik sa raer dreamd hie. Idioat, kranksinnich. En sa wurch as ik wie, sa ôfgryslike wurch, menhear Schier, ik wie sà wurch. Ik seach nei Sjoerd, ik makke him wekker: ‘Sjoerd, toe, wurd wekker, ik móát it dy fortelle, ik ha sa raer dreamd.’ Ik gong oerein: ‘Hear, Sjoerd’ en ik skuorde him oan syn hier, ‘Sjoerd, ik ha fannacht in man formoarde: Jelle Weevers, witst wol, dy man, dy't tropekolder hat en dy't my altyd efternei fytst. Sjoerd, hear nou: ik stie by him yn 'e keamer; hjir is de tafel, dêr in stoel, dêr en dêr ien, der stiene fiif stuollen en in dressoir mei in fruitskael derop, dêr't sierfruchten yn lizze, trije griene, ien oranje en in banaen - hast dat oait sjoen? En dy skilderijen, dy't dêr hongen en dy klok, it wie dêr kertier foar seizen op, doe't ik him smoarde, ik smoarde him en seach tagelyk op dy klok...’
Ik praette troch, sa bliid wie ik, dat ik it sizze koe. Mr. Schier, as dat noadich is, kin ik dy keamer úttekenje en mei in doaske wascokleurkes derby, kleurje sa as it is.
Wy bleauwen noch hwat lizzen, mar ik hie gjin rêst mear, ik woe nei hûs. It wie hast mei rûzje - nou, rûzje? ja, dochs wol rûzje - dat wy by elkoar weigongen. It wie hiel stil yn 'e stêd en by fierwei de measte huzen wiene de oergerdinen noch ticht. Ik koe de stêd sa net.
Men docht soms dingen, sûnder dat men sizze kin: en dêrom doch ik dat.
| |
| |
En ik gong de kant fan Jelle Weevers op. Sunich peddele ik syn strjitte yn, de Irenestrjitte, hy wennet op nûmer 37. En it fornuvere my allegearre net, neat, niks. Foar syn hûs stiene minsken. Ik stapte ôf en gong der by stean. Iderien hie hwat to sizzen hawn, mar doe't ik der by kaem, waerd elkenien stil. ‘Is der hwat bard?’ frege ik, mar, mr. Schier: ik wist presiis hwat der bard wie.
‘Och ja,’ sei in âld mantsje, ‘se hawwe him-hjirre fannacht... En fan 'e dieder gjin spoar. In oare buorman sil nei it bureau, mar it is raer sizzen: Jelle Weevers, mijne heren, is vannacht vermoord. En hwat hat men der ek noch mei to meitsjen?’
‘En hwerom nou?’ frege in oare man him ôf, ‘hwerom? De man die gjin mins kwea. Jild is der ek net, dat makket.’
‘Nou ja,’ sei in âlde frou, ‘kwea die er net fansels, dat is wier, mar as myn beppesizzers kamen... Jelle wie wol it “zorgenkind” fan 'e buert, hear, dàt wol. Mar dat er nou sa oan 'e ein komme moast...’
‘Wis,’ wer in oare frou, ‘dat sizze jo nou wol, mar in protte wille hie de man ek al net yn syn libben: hy flokte ivich en altyd, hy koe net oars...’
Mr. Schier, der kaem in woldiedige rêst yn my del. Bliid stapte ik wer op 'e fyts en ik gong nei it polysjebureau. Ik sette myn fyts yn it rek en op slot - sa as it heart en hwat ik oars noait doch - en ik drukte de swiere doar mei myn heupti iepen.
Efter it loket sieten twa polysjemannen, sûnder petten op. Ik kloppe oan en se tochten tink ik: wer ien, dy't de kaei forlern hat. Se praetten mar troch, ik waerd ûngeduldich, ik kloppe wer, fûlder. Hiel stadich kaem de jongste fan 'e beide oerein. Hy krige in opskriuwboekje, die it lûkje iepen en frege: ‘En, dame? Siz it mar.’
Ik wóé net sa enthousiast, ik woe hiel kalm, mar ik skreaude it dy man ta: ‘Jo witte it miskien noch net, mar ik haw Jelle Weevers formoarde, fannacht, of fannacht? It waerd al dei, it wie kertier foar seizen op syn klok. Hy hat my forkrachte, jim kinne dat wol troch in dokter fêststelle litte. Dêrnei haw ik him smoard. Mei dizze hannen, yn syn keamer, njonken de tafel. Hy is tsjin it tévétastel oanfallen. Dat foel om en ik haw it net wer oerein setten.’
Dy oare polysjeman kaem der ek by; se seagen my oan en ik fielde my sa nuver draeijerich wurden.
Mr. Schier, ik siet op in stoel, yn dat bureau en doe kaem dy oare polysjeman. Hy frege my hoe't ik hjitte, ús telefoannûmer, hwer't ik wei- | |
| |
kaem. En ik sei: ‘By Jelle Weevers, Irenestrjitte 37. Troch dy griene efterdoar bin ik gien, ik bin hast stroffele oer it matsje dêrre, sitte allegearre raffels oan...’
Menhear of mr. Schier (hwat seit men tsjin in advokaet?), dit is myn forhael. En ik freegje jo: leau my, leau my en leau net ien oars, net ien, net ien, biskuldigje my, asjeblyft, doch it, úis mem en heit moatte it oare net witte, dat fan dy trije drippen bloed, ik bid jo, mr. Schier, siz, dat ík it dien haw, asjeblyft...
|
|