De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] [Nummer 3] Sjoerd Spanninga / Gedichten Fata morgana Soms dwilen wy dronken oer 't flimerjend sân by it fjûr fan de sinne - har moriaen mar brânden de bonken jin hast troch de hûd de hoop joech ús mym'rjende gong wer hwat moed dat waerd de woastine in stik fan de hel noch reizget it toarstige hert nei de wel mei de sloarpjende trêd fan de karavaen - nou weidzj' ús kamielen yn 't himelske lân. [pagina 82] [p. 82] Stobbewylch Gjin faem dy't har to baeijen weaget by bollepyst en snoekeblêd salang as dizze âlde strûk nijsgjirrich oer it wetter hinget as wied er wei yn syn gebet. Blaujufferke Sa slank fan lea is noch gjin snile hja draecht de elegantste rokken mar dy't syn hert oan har forspile stjert in charmeuse dea en kriget gaez'ne wjokken. Nimmennet Och jonge it is suver neat taelt nimmen nei dyn liet de fûgels sjonge ek wol om 'e nocht mar dogge 't like bliid en gauris bart it dat in swanneblom bloeit yn in moddersleat. De minsken Lit har mar kibje God's dream sil al ús dwaen oerlibje. [pagina 83] [p. 83] Tobeksetter De lêste lusten krinkelje en krôlje weibrând fan it greate fjûr en dounsje noch idele flammen ja in dronkene kop yn bigearlike gloede in rûge skabant wyld en gyld oan it flokken wurdt wol sa gleon dat hy skarrelt oerein en sil der op los mar hja swinge har gau fansiden de frôlje en laitsje har slop dit noasket him min hwat bliksem dan sil er se twinge sokken dy't efter har oanjachtsje méi rekket er syn bistjûr wol kwyt hwant hy trûzelet plat op it liif oant er blyn fan woede him machteleas deljowt de slûgert - faeks in fint dy't syn wiif net mear daeije kin. Vorige Volgende