Krityk yn 't koart
Monumint foar lytse Pier
J.P. Wiersma, Pier Pander, een Friese beeldhouwer in Rome (1864-1919). Uitgeverij Laverman N.V., Drachten - 1966.
It is net forkeard dat lang om let in skriuwer ris gearkommen is oer in dokumintair oersjoch fan libben en wurk fan Pier Pander. Dat dit yn it Hollânsk bart en net yn it Frysk is ien fan dy tûkelteammen, dêr't wy njonkelytsen yn bihurde reitsje. It bilang fan sa'n biografy waerd blykber algemien ynsjoen, hwant net minder as sawn Fryske ynstânsjes hawwe dit wurk finânsieel mei yn 'e klean stutsen. En nimmen minder as A.M. Hammacher hat in ‘Woord vooraf’ skreaun. Utjowerij Laverman hat der sadwaende in kant en royael yllustrearre boek fan meitsje kinnen.
De wearde fan it ûndersiik dat J.P. Wiersma dien hat nei data en fata fan dit byldhouwerslibben leit binammen yn de ynformaesje dy't it jowt. Ynljochtingen dy't, bihalven op it oeuvre sels en op min ofte mear foarhannen dokuminten (archivalia, brieven ensfh.), foar in net ûnwichtich part birêste op meidielingen fan minsken dy't Pander noch libbensliif kend hawwe. It sammeljen en yn tiidsforbân bringen fan dizze mounlinge gegevens foaral meitsje dat dizze libbensbiskriuwing noch krekt op 'e tiid forskynt. In letter kommend biograef dy't it oprêdde moast sûnder dizze eftergroun-ynformaesje en dus allinne to seil gean moast op hwat skriftlik oerlevere is, soe grif in swakker dokumintearre boek levere hawwe.
Dat komt ek mei, om't der oan it wurk fan dizze kunstner fan Drachtster komôf foar ús net folle nijs mear to bilibjen falt. Dat wurk is ommers, sjoen hwat der hjoed-de-dei yn 'e byldzjende kunst omgiet, wol tige slim datearre. De fine en krekte portretkunst fan de plaquettes der bûten (Waling Dykstra, Pander Sr. en de frou!), wiist de let-grykske styl fan de byldhouwurken al to dúdlik op in akademysk bipaelde skientme-kultus en in ûnproblematysk, idéalisearre minskbyld, dy't net mear fan ús tiid binne. In styl dy't sels yn Panders eigen tiid by de greate masters al oerwoun wie. Om jin dat yn 't sin to bringen hoecht men allinne fan Pander it byld Gedachte út 1904 (Pandertimpeltsje, Ljouwert) mar to hâlden nêst Le Penseur fan Rodin, dat yn itselde jier ta stân kaem.
Sjoen dit gebrek oan dramatyk en avantgardistyske wrakseling is it Wiersma net ienris min ôfgien en skriuw oer dit kunstnersbistean in lêsber boek. As goed biwenner fan Fryslân hat er him yn 'e earste haedstikken mar ris fiks djip jown yn 'e genealogy fan it Panderfolk. Foar de milieutekening fan de bernejierren koe er û.o. gebrûk meitsje fan in hânskrift dat de byldhouwer neilitten hat en dêr't grif gâns anekdoaten oan ûntliend binne. Dochs hâlde dy haedstikken noch faek it midden tusken documentaire en romantisearring: in hwat nuodlik prosédé. Wol kriget men de yndruk dat de skriuwer tige war dien hat om alle personalia dy't er byneikomme koe to sammeljen en ek to brûken. De ‘Aantekeningen’ efteryn bisteane foar in part út boarneforwizingen. Dy sizze my mear as de bylagen mei proaza en poëzij oer Pier Pander fan Louis Couperus en Douwe Kalma.
Dokumintaire wearde hat ek de biskriuwing dy't Wiersma jowt fan de plannen en it ta stân kommen fan it Ljouwerter kunsttimpeltsje yn 1924 en it Pier Pander Museum yn 1953. Dat it pleit fan de skriuwer om de timpel stien foar stien ôf to brekken en oanslutend oan it museum wer op to bouwen oait yn Ljouwerter planologe-hollen meistimming fine sil, leau ik net. Folle mear sin soe it hawwe om de permaninte útstalling fan Pander-gipsen yn it museum tydlingswei ris to forfangen troch útstallingen fan byldzjende kunst fan eigen tiid.
Oan it lêste haedstik fan syn boek, dat De mens en de kunstenaar hjit, is to merken dat Wiersma ek writen docht in bioardieling to jaen oer hwat Pier Panders wurk foar de kunstgenieter fan nou - him-