As ik myn sin siz...
Hessel Miedema exit?
Langlêsten is der wer in nûmer fan Quatrebras forskynd. Duskear net ien om wiis mei to wêzen: Hessel Miedema, dochs wol de man mei de sterkste literaire impulsen yn syn rountsje, seit dêryn syn meiwurking oan de Q-ploech op, mar forklearret (fuort mar yn it Hollânsk) boppedat, dat er mei de hele Fryske skriuwerij ôfweefd hat.
Op hokfoar grounen?
Yn it foarste plak fielt er him net thusernôch yn it Frysk. Wol yn it praet fan sa troch-en-dei (fan einepikewaer en wol 't hwat bite?), mar net op hwat heger peil; dan moat er it wurdboek brûke en dat forpoft er langer.
Mar hwerom winliken? Soe H.M. echt wier net yn 'e rekken hawwe, dat sa'n wurdboek inkeld in earmoedigen ramplesant bitsjut, dy't it plak ynnimt - ynnimme moat - fan x jier ûnderwiis yn 'e memmetael? It nederlânske ryk hat ús nou ienris foroardiele ta de bihyplike steat fan analfabêtisme en dêr kinne wy ús allinnich mar op autodidaktyske wize oan ûntwine. Is it dan sa slim, at it wurdboek der by moat? Dat leit him dochs inkeld oan de útsûnderlike Fryske taeltastân: men soe mar ôfwachtsje moatte hoe't de skriuwers fan 'e buorfolken om ús hinne har ûnder navenant likense omstannichheden hâlde soene!
Yn it twadde plak is H.M. ûntofreden oer de Fryske literatuer: dy is en hat troch alle tiden west in forlette ôfspegeling fan hwat der op oare plakken oan 'e gong wie of west hie.
Oft dy karakteristyk fan 'e Fryske skriuwerij foar 100% wier is - dat silt hast wol - kin ik lykwols yn syn hele hear en fear mar min bioardielje; dochs liket it my net alhelendal ûnwierskynlik ta dat dy stelling yn syn algemienens foar suver alle literatueren fan 'e wrâld jilde kin - fansels mei mear en minder. Sjoch Ezra Pound dêr mar ris op nei. Dy neamt it dichtsjen taelfortichtsjen, kondinsearring fan 'e tael. Mar hwat as it der mei de tael sa foarstiet as to uzes? Boppedat, om in lyts bytsje earlik to bliuwen sil men dochs rekken hâlde moatte mei de forhâlding tusken bifolkingsoantal en skriuwersoantal, hwant oarspronklikens is rounom tin siedde.
Fierders hâldt H.M. út, dat de Fryske literatuer troch it wurk fan 'e Fryske Biweging noch fierder ôfsakket, willemoeds en mei opset sin. Soe it net nijsgjirrich wurde as er dat ris mei de stikken sjen liet en man en peart neamde?
As H.M. my de forliking net kwea ôf nimme wol - der komt jin út syn skriuwerij tofolle it byld yn 'e mjitte fan 'e rôt dy't it sinkende skip forlit. Altiten mei it ûnwichtige forskeel, dat de ‘rôt’ ont foar koart dochs mar mei oan 'e pompen stie yn 'e ‘greate wrakseling’ om net to forsûpen.
H.TJ. PIEBINGA