Jo Smit / Brief oan myn omkesizzer
Bêste Wytse,
Yn dyn brief biklagest dy datst sa'n bytsje súkses hast as dichter. Dyn fersen, goed rymjend allegearre, binne troch de Boalserter Krante wegere, De Tsjerne lit neat mear hearre, dou kinst gjin asyl fine by Asyl. Ik, dyn bloedeigen omke, mien sels hwat to fornimmen fan in soarte minderweardichheitsfielen by dy. Dou skriuwst dat it dy mar net slagget om modern en eksperiminteel to wêzen; dou klagest datst in ûnbileard man bist, dy't gjin talen ken en al soks mear. En dou fregest dy ôf ofst wol talint hast.
Dit moat fansels ophâlde. En moai gau ek. Ik sil dy op al dyn fragen andert jaen en ik sil dy helpe ek. Ik sil it paed foar dy sljochtsje. De blinder, dou silst de literatuer yn, jonge, dyn namme sil neamd wurde oeral dêr't praet wurdt oer Fryske poëzij, of ik bin dyn omke Sibe net. Om mei it bigjin to bigjinnen. Né, dou bist net yntelligint; né, dou hast gjin talint; né, dou kenst gjin oare talen as Frysk en in bytsje skoallehollânsk. Mar dou silst ek gjin minderweardichheitskompeks hawwe, hwant dou bist in Fries en wy binne potdoary út itselde skaei.
Dou hast gjin harsens, mar dy hoecht in dichter ek net to hawwen. Dou hast gjin talint en dat hoecht likemin en datst neat leard hast, is dy mei it each op it earste to forjaen en it soe boppedat mar in stan-yn-'e-wei wêze. Dêr! Fansels, al dy dingen, as men se hat, dan binne se net wei, mar it kin der likegoed sûnder. Likegoed of better. Sjoch, wy hiene eartiids, doe't ik op skoalle wie, in jonge yn 'e klas: Willem Knapstra, dy hie seis fingers oan 'e hân, dêr't in oar fiif hie. Mar wie dat jonkje der better om? Né, siz ik dy, dêr wie it net better om. Hy waerd der sels mei pleage en hy koe der ek neat mear mei as in oar.
Sa is it ek mei harsens, mei talint en al soks. It binne útsûnderingen en it kin der skoan sûnder. By ús yn 'e klas siet ek Grouwe Jelle; nou, dy wie dochs wol sa oaljedom, dêr wie de ein fan wei. Mar hwa hat optheden de bêste bollen? Krekt! En oft it nou bollen binne of ierpels of moderne fersen, dat kin allegearre neat skele. As men it goede resept mar oanhâldt.
En nou sil ik dy in goed resept jaen. In bêst resept. Keapje dy in blom-