| |
| |
| |
Durk van der Ploeg / De minsken binne soldaten
Ik hie myn heit noch noait gûlen sjoen. Doe't de sirenen op 'e nij bigounen, hearde ik myn heit boppe it lawaei út roppen: Jimme hawwe in mem yn 'e himel. Hy spraette syn hannen nei boppen, nei it lawaei fan de fleantugen dy't gefaerlik boppe de stêd sirkelen.
Efter ús stiene se to triuwen. Donderje op kearel, rôpen se tsjin ús heit. Myn beide jongste broers bigounen to gûlen en griepen, sadré ús heit wer ta himsels kaem, kjel heite hannen.
Doe rôp er oer it skouder nei ús: Kom mei, bern, út dizze hel, hwant de Kweade sil oer de minsken komme.
Hy loek ús mei yn de lange slier fan minsken dy't troch de strjitten wrotten. Bern gûlden fan eangst, memmen raesden boppe alles út. De manlju dreauwen de troep op, namen de bern op 'e earm. Guon foelen op 'e knibbels foar de stoepen del to bidden, oaren slipten har wer mei yn de kermjende troep. Dy't net langer winske to libjen, hoegde mar stean to bliuwen. Us heit fleach mei de beide lytsten foarop, sûnder fierder op of om to sjen. Ik kaem der efter oan mei myn suster. Pas doe't er in ein hinne bûten de stêd wie en wy greate swarte wolken boppe de flats útkommen seagen, bleau er stean om to sjen oft wy him folgen. Hy hime dat it hwat ôfdie.
Erik, Herman, Wouter, Truus. Hy neamde ús nammen, to'n teken dat wy der allegear wiene. Wy sille bisykje ûnderdak to finen, sei er en mei kearde er him wer om, slipte de beide lytsten mei, rôp tsjin ús: Efter my bliuwe!
We rekken op in blabberige reed, dêr't wy yn in slier efterelkoar oan rinne moasten. Heit foarop, dêrefter de beide lytsten Herman en Wouter, doe Truus en ik sluet de rige. Wy rounen stiif efterelkoar as bange wêzens mei de hollen hwat tusken de skouders knypt, bang foar it gefaer fan boppen. Heit socht de droege rêgen oer de reed. Oeral stiene greate plassen, dêr't myn suster soms mei in oei-lûdtsje oerhinne sprong, hwat ús heit har alle kearen forbiede moast.
Doe't de wei better bigeanber waerd, seagen wy bisiden de dyk in great
| |
| |
gebou. Op it hiem wiene manlju oan it wurk. Twa wiene dwaende mei in treksage in beam oan moatsjes to saegjen, oaren kappen de blokken oan talhouten. Guon wiene mei kroaden yn 'e tún warber. Yn in rychje rounen wy it hiem op.
Wy binne troch it each fan de nulle gien, sei ús heit.
By de manlju mei de sage bleau er stean en frege harren hwat, wiisde nei it gebou. Ynienen hearde ik in gromjen út 'e kiel fan de man. It like wol it gromjen fan in liuw, lykas ik it yn 'e dieretún heard hie. Myn heit gyng in pear stappen efterút en wy krigen elkoar by de hân. De man wiisde nei de oare sager en doe't ús heit gjin azem joech, bigoun er noch feller to gromjen. De oare sager kaem mei in pear greate ljochte eagen op ús ta. It like as woe er mei heit prate. Doe bigoun er to blaffen as in houn. Der kamen noch mear manlju by dy't de kroaden der hastich hinne smieten. Guon keakelen as hinnen, mar de measten koene hielendal net prate, sloegen mar mei earms en skonken. Myn heit woe der krekt mei ús fan troch gean, doe't der in frou yn 't formidden fleanen kaem. De manlju wiene ynienen allegear stil. De frou wonk ús en gyng ús foar it gebou yn. It roek dêr frjemd, tominsten yn de greate keamer dêr't wy trochhinne moasten. As wiene der wietreinde klean opdroege. Yn 'e koken bleau se stean. It roek dêr nei ierappels, fleis en molke.
Dit is in gesticht, sei de frou.
Wy sykje ûnderdak, sei heit, mar de frou makke in biweging mei de hân dat heit him stilhâlde moast.
Dit is in gesticht, forfette se. In hiel gewoan gesticht. En hwat wie it boadskip?
Wy sykje ûnderdak, wy binne fanwegen de oarloch út 'e stêd flechte, fortelde heit en ik seach dat syn noasters yn biweging kamen fan de roken dy't ús út 'e koken wei oankamen. Ik roek ek noch appelsmots en weakke bôlle.
Ik ha sa'n hûnger, sei Truus en mei seach hja nei de suster, mar de suster die krekt as hearde se it net, mar praette foar 't faderlân wei oer de oarloch.
Hwa praet hjir fan hûnger? ûnderbriek heit it petear.
Ik, sei Truus fyntsjes.
Owaimir, as ik dat wurd hjir nochris hear, sei er en hy draeide syn eagen forriederlik oer de potten en pannen dy't walmjend op it fjûr stiene. Wy biddelje net, bigrepen?
| |
| |
Truus knikte ûnderdienich en de beide lytsten bûgden de holle ek nei de groun, dêr't hjir en dêr noch wol in krûmeltsje lei, mar dat se dochs net oppakke doarsten.
It hûs sit alhiel fol, sei de frou en loek de skouders omheech.
It moast sokssahwat wêze as in suster die my bliken út it praet.
Wy sitte fol mei pasjinten, der kin gjin minske mear by. De oarloch moatte jo tinke, dat smyt hiel hwat minsken op dy't it mei de holle net rjocht foarelkoar hâlde kinne. It is hjir altyd fol. As dizze oarloch foarby is, komt der wer ien. Hwat sjitte wy der mei op, as de oarloch al foarby is? Hwa hawwe bilang by de oarloch? De minúsjemakkers, fleantúchbouwers, bommeprodusinten, soldaten, politisi en romtefeartlju, allegear hawwe se bilang by de oarloch. It is in bistriding fan de wurkleazens, it is fan bitsjutting foar de jildmerk. Oarloch is oeral goed foar. As it frede wie sieten wy nou yn de earmoede, de krisis. De krisis hie in ivichheit duorre as dizze oarloch der net west hie en de minsken wiene fan hûnger omkommen.
Us heit stie oanienwei mei de pet yn 'e hân to rountsjemeallen en knikte allegeduerigen op de stream fan wurden.
Dy't net stjerre wol, wurdt kranksinnich, forfette de frou, en dy't net kranksinnich wurde wol, dy bliuwt hwer't er is of stjert, of men wurdt soldaet, mar dan bliuwe der noch twa kânsen: fjochtsje of stjerre. Jo hawwe dochs al in kar dien?
Heit knipere mei de eagen. Ik, sei er, ik bidoel: wy, wy wolle libje.
Dy't syn libben forlieze wol, dy sil it bihâlde, sei de frou plechtich en dat kaem ús heit oer 't mad, fornaem ik.
Wy wolle libje, forfette er, it docht der net ta hoe, om myn part kranksinnich.
Jo hawwe in forklearring? frege de frou.
Heit skodholle, stie de frou mei de mûle iepen oan to gapjen.
Sûnder kranksinnigeforklearring kin ik jo en dy't by jo binne, net as biwenners fan it hûs talitte. It spyt my wol, mar wy moatte ús oan de regels hâlde. It is oarloch en dan moat men dûbel oppasse.
Heit knikte, preuvele hwat.
De militaire autoriteiten komme hjir geregeld foar kontrôlle en as se jimme hjir oantreffe en jim hawwe gjin papieren, wurde jim sa deasketten op fortinking fan sabotaezje. De greate banditen sitte ûnder de kranksinnigen. Yn tiden fan oarloch lit in minske syn boargerlike weardichheit tige gau farre en wol wol graech kranksinnich forklearre wurde.
| |
| |
Dy't syn libben bihâlde wol, dy sil it forlieze.
Wy wolle libje, sei heit.
Dat is dúdlik, sei de frou. Mar lânforrie, korrupsje, it is oan de oarder fan 'e dei. Dat as jo in forklearring helje wolle. De bern sil wol biswierlik wurde. Kranksinnigens komt mear op letter leeftyd, wol ik mar sizze. Mar dat nimt net wei...
Hawwe jo ek gjin ûnderdak foar ien nacht? foel heit har yn 'e reden en hy hie de hannen biddend om 'e pet hinne slein en stiek se rjocht foar him út nei de frou.
Jo bringe my yn de forlegenheit, sei de frou.
Foar ien nacht, moarn sjogge wy om oar ûnderkommen. Nou kinne wy net fierder foar de nacht. En de bern...
Ik seach dat der in glim fan meilijen oer har gesicht kaem en se sei: Ik sil sjen. Se fordwoun troch ien fan de doarren en liet ús allinne yn 'e koken. Herman snipte hastich in stik bret flesk út 'e panne, mar barnde him de fingers sa fel, dat er it ek wer falle liet. Myn heit joech him in tik op 'e fingers en bleau doe yn in earbiedige hâlding stean, lykas yn 'e tsjerke ûnder it lang gebed.
De suster kaem werom. Se skodde mei de holle tsjin myn heit en bleau flak foar him stean.
Allinne yn it gefal dat jimme kranksinnich binne, kin ik jimme ûnderdak jaen, nou net. Dêr kinne wy ek net oan bigjinne. Hwer soene wy keare? Der moat oarder en regel wêze. Kranksinnigen by kranksinnigen, âlden by âlden, en jongen by jongen. It is in maetskiplike oarder dêr't de bifelhawwende ynstânsjes ek net fan ôfwike, mits de oarloch it freget. Ek net foar ien nacht?
Né, sei se koart. Ik soe ek net witte hoe't ik jimme allegear herbergje moatte soe.
As kranksinnigen wol? frege heit.
Jawis, sei se, dan kin ik jimme tusken de oare pasjinten loslitte.
Wy wolle ús foar ien nacht wol tofreden stelle mei in plak tusken de pasjinten, sei heit ûnderdienich en ik makke my al frjemde foarstellings fan de mannen dy't wy op 't hiem moete hiene.
Under dy lju sille nei alle gedachten ek guon wêze dy't fan need kranksinnich wurden binne, sei heit.
De frou lei de hân op 'e mûle. Ssst. Dat meije jo net útsprekke, sei se, en krige in kaem.
It gesicht fan har foroare hwat en it like as wifke se.
| |
| |
Nou? sei heit.
Foaruit dan mar, foar ien nacht. Ik sil jimme sa ûnder de pasjinten fordiele, dat it net opfalt dat jimme hjir binne.
Wy rounen efter har oan troch in lange gong mei oan ien kant allegear platte doarren dêr't ik net rjochtop ûndertroch rinne koe en heit hie op 'e knibbels der ûndertroch moatten. Klinken sieten der net oan, allinne in pear greate skoattels en in slot. De frou heakke in bosk kaeijen fan 'e muorre. Se makke ien fan de doarren iepen en treau heit der ûndertroch. Ik seach him op 'e knibbels yn in tsjustere hoale weiwurden. Herman en Wouter bigounen to gûlen. De frou slipte se gau mei nei in folgjende doar en sei: Hjir is jim mem. Us mem is yn 'e himel, sei ik.
Dit is de himel, sei de frou en fierde de doar iepen.
Moartsjend fordwoun Wouter yn it gat, de folgjende doar wie foar Herman. Hy koe der hast noch rjochtop ûndertroch. Net ien fan uzen doarst hwat to sizzen. Truus hie my gûlend by de hân. Moarn binne wy wer byelkoar, sei ik en kniep har yn 'e fingers.
Hurry, sei de frou, doe't se de doar foar har iepen hâldde. Truus kroep troch it gat. Der kaem my in stank yn 'e noasters.
De folgjende doar wie foar my. Doe't ik krekt troch de doar wie, seach ik neat. Der prike my in fize sûre stank yn 'e noasters. Mei de hannen lei ik yn 't klamme strie.
Dy't syn libben forlieze wol, dy sil it bihâlde, sei se. Doe klapte de doar efter my ticht en de stilte sûze my yn 'e earen. It waerd stadichoan ljochter, as bigounen der hieltyd mear lampen to barnen. Hjir en dêr seach ik hwat lizzen dat op in minske like.
In âld man mei de knibbels oan it kin ta lei to kreunen en to sjongen. Ik bisocht oerein to kommen en bleau roungear ûnder de balken stean. Dou moatst op hannen en fuotten, sei de âld man, dy't even ophâlden wie fan sjongen, doe't er my yn 'e gaten krige. Ik liet my wer op 'e knibbels falle mei de hannen yn 't klamme plakkerige strie.
It duorre net lang, doe kamen der noch folle mear yn it hok. Se kroepen om 't hurdst om by my to kommen, wiene yn in omsjoch allegear om my hinne. It liket my ta dat it de mannen wiene dy't wy op 't hiem al moete hiene. Der wiene tominsten in pear by dy't blaften en gnoarren. Se biroeken my as in jong houn. Ien klom boppe op myn rêch en makke dêr skokkende biwegingen. Hy treau my in hiel ein foarút oant ik yn in hoeke rekke, dêr't ik net fierder koe. Hieltyd bigoun er fûlder to stompen op myn efterliif. Oaren woene him der ôf stompe, blaften en
| |
| |
bieten nei him dat it sta sei. Sadré't se him der ôf hiene gyng ik plat op 't gat sitten, lykas ik dat wolris fan hounen sjoen hie. Doe kaem der stadichoan wer hwat oarder yn 'e troep. Ien bisocht it noch op 'e rêch fan 'e âldman, dy't oan ien tried wei song mei lange úthalen, lykas ús beppe yn 'e tsjerke.
It wie in lange platte seal, dêr't elkenien yn krûpe moast. Ut de souder wei skynde ljocht, sûnder dat der lampen to sjen wiene.
Letter, it wie doe tink ik al nacht, woe ik mei ien prate. Ik siet plat op 'e kont tsjin de muorre oan. De measten leine foar my yn 't strie mei de eagen yn 't kier, lykas in waekse houn docht. In pear bigounen to gromjen, in oaren blafte.
Ik bleau it langste wekker. Doe't de oaren allegear sliepten moat ik ek yn 'e sliep rekke wêze. De oare moarns waerd ik wekker troch it lawaei. As waerd der mei stokken tsjin de muorren oan slein. Allegear fleagen nei de doar, bihalven de âld man, dy't stil lizzen bleau en bigoun to sjongen. Doe't se der allegear út wiene, kroep ik ek hastich nei de doar ta. Ik seach it gesicht fan de frou.
Kom hjir, sei se, dou bist troch it each fan de nulle gien. Dyn heit en broers en suster hawwe se fannacht meinommen, mar se hawwe dy oer 'e kop sjoen by 't tellen. Dou moatst nou sjen datst fuort komst, eardat se hjir wer binne, hwant se ha der lucht fan krigen. Ik roun efter de frou oan troch de einleas lykjende gong. Se hinge de kaeijen wer oan de spiker en roun foar my út nei de koken ta, dêr't se my in pear plassen bôlle foarsmiet en in gliderke út 'e fetpanne fiske.
Fret op, sei se. En dan moatst dy ôfjaen, oars wurdt it stront.
Ik tute de suster op 'e hannen, mear om oanhâld as út tankberens. Ik woe noch freegje hwer't myn heit en broers en suster keard wiene, mar doarst net. Ik iet myn iten steandewei op, sei har tûzenris tank foar har help. Ik seach dat se efkes triennen yn 'e eagen krige. Se joech my in hân en brocht my nei bûten. De manlju stiene wer to saegjen, de oaren rounen efter kroaden oer it hiem. Skruten roun ik efter de hage lâns de dyk út, oanienwei tinkend oan heit-en-dy. It iennichste dat ik by my hie wiene in pear foto's fan ús mem, dy't ik op it lêste momint meinimme koe út it hûs wei. Ik roun de hele dei, oant de fuotten my sear diene en ik wurch in plakje socht ûnder in heakape, op in stil boerehiem. Ik wrotte my yn it hea en joech my del. De sliep woe net komme. De hiele dei hie it barren fan it gesticht my efterfolge. De fraech hwer't heit en de oaren bleaun wiene, hie my bang makke. Ik helle hieltyd wer de
| |
| |
foto's fan mem út 'e bûse; se is yn 'e himel, sei ik dan mar wer en tute de foto's stik foar stik. Lei stil hwat to dreamen oer de tiid dat se noch by ús wie. It byld fan myn mem kin ik it bêste foar my krije fan de foto's, dy't ús heit skeat op de simmerske sneintomiddeis, as wy ús hieltyd yn in nije formaesje opstelden, wilens heit mei in swart doek oer de holle op ús stie to wachtsjen en mei de fuotten bigoun to stampen as it him to lang duorre. Us mem, en dat is hast it iennichste hwat ik noch fan har wit, loek ús dan de klean torjochte, die ús mei de fingers flechtich in streek troch 't hier en bleau dan soms njonken heit stean om mei frjemde maneuvels ús oan it laitsjen to krijen. Mar by de measte foto's dy't der makke binne stiet se der by ús op, plat op 't gat yn 't gers, of sittend op it stek dat foar de blikke lâns stie. Mar it moaiste hwat ik der noch fan wit binne de jounen as wy allegear mei forhearde gesichten oer de tafel hinne yn de fyksearbak seagen, hweryn de negativen stadich opkrollen en har as fisken troch it wetter hinne en wer biweegden, fisken dêr't dûnkere en ljochte plakken oerhinne groeiden as skobben en finnen. Der ûntstiene frjemde dreamen. Us hannen yn it bloedige ljocht, heite fingers dy't sêft yn it wetter biweegden. Us gesichten dreaunen as kleurige ballonnen troch de keamer en bleaunen om de lampe hingjen mei har nijsgjirrige eagen, dy't oan it reade ljocht fêstkleefden as bijen oan de blommen. As myn heit ien foar ien de opkrolle negativen út it wetter helle, se útelkoar loek en tsjin it ljocht hâldde, hingen wy him oer it skouder en mochten riede hokker foto it wie. Bylden hweryn alle ljocht fortsjustere wie en it dûnker as ljocht út de djipten omheech kaem. Dy jounen ûnder de reade lampe wie it as libbe ik yn in djipte hweryn it ljocht floeiber waerd. Mar
ek ús gedachten en de wurden dy't der sein waerden. De keamer wie gelyk oan in akwarium hweryn ús lichemen har swimmend fuortbiweegden. Ik bilibbe it dêr ûnder de heakape allegear nochris wer en it makke my bliid en tagelyk fortrietlik; de iensumens kaem op my ta út de tsjustere kape dy't as in driging boppe my hinge. Yn it hûs by de kape seach ik ljocht, mar ik doarst der net hinne gean. Heit hie ús altyd warskôge, yn de oarloch net mei frjemde minsken om to gean. Sa bisocht ik my hûndert kear del to jaen, hieltyd mar, wer oan it tellen, soms yn dreamen weisinkend. Ik moat doe wol yn 'e sliep fallen wêze en dreamde fan mem dy't yn de himel fan it gesticht hiele dagen op 'e knibbels lizze moast om foar ús to bidden. As se net bidde woe sloech de frou har en as se al bidde woe krige se in gliderke út 'e greate panne.
| |
| |
It wie foar dei en foar dage doe't ik my de oare moarns by de heaberch delsakje liet en myn wei forfolge. Ik hie in stik byt fan it hiem stellen, mar dat smakke my net. Underweis foun ik wol in sûkerbyt dy't ik mei myn mes útskrabbe en it skraebsel opiet. Soms roun ik einen to sjongen. Fier kaem ik dy deis net, mar bigoun al ridlik gau om plak to sykjen om de nacht troch to bringen. It slagge my net om net troch de minsken opmurken to wurden. Fan in boer mocht ik yn de skuorre. De frou helle my letter yn 'e hûs, joech my in miel waerm iten. Se wie leaf, lei de hân om my hinne doe't ik siet to iten. Ik fielde har waerm lichem tsjin myn forklûme lichem oan. Ik moast yn in fearren bêd sliepe, dêr't ik alheel yn weisonk. De frou woe my hâlde, mar ik woe fuort. Der libbe yn my in driuw om hieltyd fierder, as moast ik heit, Wouter, Herman en Truus sykje. It jage my hiele dagen op en ik wie altyd op myn iepenst.
Op in dei, it wie winter en it hie snijd, kaem my in man mei in wein efterop. Hy naem my mei, sloech in tekken om my hinne foar de kjeld. Uren efterelkoar rieden wy oer in stille wei, mei oan wjerskanten keale beammen hwerút oanienwei ravenswarte fûgels opfleagen. Dy fûgels binne my nea wer forgetten, hoe't se skrassend boppe ús nei únderen doeken as skrokkerige rôfdieren. Ik doek alhiel yn myn tekken wei as sa'n swarte troep boppe ús kaem. Dan lake de man. Underweis joech de man my in stik bôlle, sels iet er ek en smiet grouwe hompen yn 'e snie nei de tjirgjende fûgels, dy't har yn greate kloften op 'e bôlle stoartten en yn de snie fochten. Soms rounen wy hele einen njonken de wein om de fuotten waerm to hâlden. Mar ik waerd gau wurch fan it rinnen yn 'e snie. It like as soe der gjin ein oan komme. De man fortelde my fan it famke dat by harren thús wie. Anna neamde er har. Ik waerd sa wurch as in maits en woe my yn 'e tekken deljaen. Boppe my hearde ik hieltyd wer de fûgels oangean en dan seach ik út 'e tekken wei omheech nei de bleke loft en de swarte kluten dy't oer my hinne saeiden.
It wie al hast nacht doe't wy by in hûs oankamen. Troch it skodzjen fan de wein wie ik it lêste ein dochs yn 'e sliep fallen mar waerd wekker sadré de wein stil stean bleau. Ik seach út 'e tekken wei oer it snielânskip. It wie mar in hoannestap fan de wein nei it hûs en ik sei dat ik sels wol rinne koe. De man naem my op mei tekken en al. Mei de dynjende stap fan de man seach ik oer syn skouder hoe't de moanne oer de
| |
| |
swarte skuorren hinne trédde. Wy rounen by in wetter lâns dêr't yn it foarbygean de moanne in momint yn wjerspegele. Hy rattele mei de klink.
Kom, dêr wiest al, hearde ik in frouljuslûd en mei sette de man my op 'e stoepe.
Hwat hast dêr by dy, frege de frou forheard en se loek my de gong yn, dêr't se my de tekken fan de lea heinde.
Underweis foun, sei de man.
De frou biseach my fan alle kanten en stelde de man allegear fragen. Dy grommele mar hwat, dat die er ûnderweis ek hieltyd as ik him hwat frege. Hy flokte omdat de snie sa balle. Men kin jin fordomme de bonken wol brekke.
Mei har waerm gesicht rekke de frou myn kâld wang oan. Dou bist forklûme, sei se en treau my foar har út nei de keamer ta, dêr't it roek nei farsk barnd hout. De frou sette my by de kachel del en brocht my in kop waerme molke. De man en de frou gyngen elk oan in kant fan de kachel sitten. Se praten oer my, oer de reis. De man fortelde dat ik bang west hie fan de fûgels en doe lake er nei my en sei dat it mar in grapke wie. De man smiet in stik hout op 'e kachel, de reek prike my yn 'e noasters. De frou lake nei my en streake mei har hân oer myn hier. Dat fielde sa frjemd dat ik der dûzelich fan yn 'e holle waerd.
Doe't de frou der even út wie, sei de man: Dou silst hjir by ús wenje. Ik knikte, omdat ik net tsjin de man prate doarst. Syn eagen wiene sa skerp en sa great dat ik bang fan him waerd.
Ynienen stie der in famke foar my yn har pyama. De frou hie har fan 't bêd helle. Nou moatst hjir ris sjen, sei de frou tsjin it famke.
Anna, sei de frou, en se tilde de hân fan it famke op. Toe mar, sei se. It famke joech my in hân, waerm en weak.
Siz mar dach Erik, sei de frou, mar it famke skodholle.
Se helle it famke even op 'e skurte en sei oer har holle hinne: Dit is ús iennichste. Nei in skoftsje brocht de frou har wer nei boppen. Oer it skouder fan de frou seach ik it smelle gesicht tusken it pylkerige hier. Ik bleau allinne by de kachel sitten. It ljocht fan de lampe die my sear oan 'e eagen. In skoft letter kaem de frou noch mei pannenfol iten en it wazeme ûnder de lampe, mar ik hie gjin hûnger en siet in skoft oer in panne mei ierappels to piizjen. De frou brocht my nei boppen dêr't ik dreamde fan greate kloften swarte fûgels dy't my oan it hier omheech lutsen nei de himel ta. De fûgels waerden optlêst sa great as fleantugen.
| |
| |
Letter bigriep ik dat de man my net werombringe soe. De waerme en koartsige jounen by it fjûr wiene al lang foarby. It wie simmer en ik boarte alle dagen mei Anna. Der wie tusken de frou en my lykwols hwat frjemds, dat my stadichoan wol dúdlik waerd, mar dat ik net bigripe koe. Alle jounen yn it skimertsjuster, as se allinne yn 'e keamer wie, rôp se my yn 'e hûs en helle my oan, sloech de earm om my hinne, tute my dat ik der forlegen fan waerd. Mern hie sa noait mei my dien. Der wie in aparte rook oan har lichem en it makke hwat by my wekker. Boarte hja mei my? It makke my soms waerm en ik forsette my net mear. Yn it earstoan wie ik by har weiflein nei bûten of nei de souder, skamme my as ik har letter wer seach. Letter waerd dat allegearre oars. It woun my op. Se makke my waerm en oerstjûr. Jouns as se my op bêd brocht tute se my op 'e mûle dat ik in skoft letter noch ûnder de tekkens lei to switten.
Soms tocht ik, se is allinne. Der is nimmen dy't fan har hâldt. Mar ik koe it net forklearje. Dou bist fan my, sei se hieltyd.
Op in kear knope se har klean los en treau my tsjin har waerm boarst oan, dat ik har hert slaen hearre koe. It wie krekt as sûze it nei yn myn earen, sa fel sloech it. Ik wie alheel fan 'e wize en doe't se my dy jouns op bêd brocht, ik sliepte njonken Anna, liet ik har net los, mar woe har by my hâlde. Mei myn hân fielde ik oer har lichem en se liet it stil gewurde. Hiel lang bleau ik wekker lizzen.
Ik tocht oan Anna dy't mei it pylkerige hier njonken my lei, heal weidûkt ûnder de tekkens. Har lichem wie waerm. Doe't alles stil wie, rekke ik foarsichtich har lippen oan en tute har.
Op in snein kaem heit. Hy fortelde oer syn avontûren. Wy wiene sa bliid dat we wer byelkoar wiene. Mar hy koe my net meinimme, hwant wy hene gjin hûs mear. Heit praette mei de man oer my en oer it hûs. Mar net oer mem. Dat foun ik frjemd. Syn gesicht wie foroare. De frou brocht my mei Anna nei bûten. Se bûgde har oer my hinne. Har lichem geure. Ik naem Anna's hân en roun ûnder har earms wei. Even woe ik dat se myn mem wie. It makke my waerm fan binnen. Ik seach om en stiek in hân omheech. Anna ek.
Ik treau Anna foar my út de skuorre yn. Die de doar ticht. Se hat gjin boarsten, tocht ik.
Hwat sille wy boartsje?
Anna helle de skouders op.
| |
| |
Wolst hjir boartsje? frege se.
Ja, hjir.
Ik wiisde nei de touter, hâldde it plankje foar har klear. Se gyng der op sitten. Ik treau har. De lange slieren hier fleagen efter har oan. It like wol in fûgel dy't elke kear syn sturt forlear.
Net heger, rôp se.
Mar ik treau hieltyd heger. Elke kear as se nei foaren toutere, wipte har de jurk foar 't gesicht.
Net dwaen Erik, net dwaen! rôp se.
Mar ik foun it prachtich nei har skonken to sjen, har bang to meitsjen. Doe't se bigoun to gûlen liet ik har úskommelje en tilde har fan it plankje. Har lichem skokte noch nei fan it gûlen.
Bist bang? frege ik.
Dou bist in rotsak.
Dou bist bang, hâldde ik út.
Se knikte.
Sille wy hwat oars boartsje?
Hwatte? frege se mei de lêste droege triennen.
Dêr, sei ik en wiisde nei de dûnkere hoeke fan de skuorre.
Hwat wolstou?
Boartsje.
Boartsje? frege se en lake wer.
Kom hjir mar, sei ik.
Ik striek de skoattel foar de doar, seach noch even troch 't rút. Se koe ûnder myn kin stean.
Dou hast gjin boarsten, sei ik en lei myn hannen op har smelle skouders. Se skodholle. Letter wol, sei se en krige in kleur. Ik bleau stifif tsjin har oan stean. Toe mar, sei ik.
Se bigriep it. Ik naem har klean, holp har lykas oare kearen. Har lichem wie in wite flek yn it skimertsjuster.
Ik flijde my tsjin har oan en lei myn kin op har skouder. Ik tocht oan de frou, mar even. Hieltyd neamde ik Anna har namme.
Tsjin de joun wie heit fuortgien. Ik hie noch sjoen hoe't er in hân omheech stiek en omseach salang oant ik him net mear sjen koe. Ik hie oan him roppe wollen, dat er op my wachtsje soe, mar ik wie bang dat er oan my sjen soe hwat ik dien hie.
| |
| |
Ik skamme my, foar Anna, foar de man en de frou, foar heit en mem dy't yn 'e himel alles sjoen hie.
Ik hie Anna noch tute op har droege mûle. Se hie gûld doe't se har wer oanklaeide.
Ik wol net wer, sei se, se hie de skoattel fan de doar strutsen en wie fluch tusken de beamkes troch nei efteren flein sûnder om to sjen. Ik wie yn it hok stean bleaun, krekt salang dat heit fuortgien wie.
Doe't ik yn 'e hûs kaem, stie Anna dêr. Efter har stie de frou.
Ik bleau op 'e matte stean. Ik fielde de skamte as in skimmel oer myn hûd groeijen.
Heit is fuort, sei ik.
De frou knikte, bûgde har en loek Anna's klean omheech. Der sieten felle reade streken oer har liif.
Ik raemde de doar iepen en raesde oan ien wei: Heit, heit, heit! De beammen stiene kearsrjocht by de dyk lâns en it like as soe der gjin ein wer oan komme.
|
|