| |
| |
| |
Freark Dam / Schurer bynt de skeaven
Efter it nijs, gedichten fan Fedde Schurer. A.J. Osinga N.V., Boalsert - KFFB nr. 104, 1966.
Opheind en trochjown, fortalingen fan Fedde Schurer. A.J. Osinga N.V., Boalsert - KFFB nr. 105, 1966.
Fedde Schurer, De gitaer by it boek. Ambo-boeken, Utrecht, 1966.
Foar de tawijde lêzer binne yn Fedde Schurer syn nijste (krap rekkene: sawnde) fersebundel Efter it nijs de lêste beide ôfdielings it bilangrykst. Of, om yn de dichter syn trant to bliuwen: it nijsgjirrichst. Yn dy lêste beide skiften (mei as tuskentitels resp. Ta de stiltme en Mei bloed en roet) komme jin twa tige minsklike gefoelens tomjitte: wurgens en argewaesje, en gauris in kombinaesje fan dy beide. Ik hie der min ofte mear op rekkene - dy wurgens, al of net mei wizens mongen, kaem jin yn de foarlêste bundel Fingerprinten (1955) en ek yn de foar-foarige, Vox Humana (1949), dúdlik tomjitte, al hie de fromme vitalist dy't Schurer sa graech wêze en bliuwe wol doe noch gauris it lêste wurd. Yn Efter it nijs is er net allinne wurger, mar binammen earliker - dat lêste bigryp hjir dan hantearre yn de bitsjutting fan soberder, mei minder omhael. Spitigernôch wit er lykwols mar yn in inkeld fers foar dy soberens, dat wifkjen tusken praten en swijen, de goede toanhichte en it ûnforfangber-persoanlike wurd to finen. Miskien wol omdat er ‘it wurd’ sawol oer- as ûnderskat, hwat dan wol gearhingje sil mei syn opfetting fan it dichterskip dêr't it, hoe dan ek, om ‘edele’ dingen yn to rêdden wêze soe:
‘Praet nou noch net fan sliepen
de dagen geane al sa hurd
en de lange jacht is wer iepen
op dat edelste wyld, op it wurd’
Men freget jin ôf hoe't Schurer him as dichter ûntjown hawwe soe as er him yn de rin fan de jierren yn pleats fan jager-mei-akte (hjitte sokken yn it hollânsk net ‘heren-jagers’?) hwat mear as... it wyld, al of net edel, bigoun wie to fielen. De wurd- en rymjacht sit him ek yn de bêste, persoanlikste gedichten yn dizze nije bundel tofolle dwers. Mei it nuod- | |
| |
like gefolch dat er, fan de need in deugd meitsjende en de jacht de jacht, it wyld it wyld littende, in stikhinne mei omkearde hannen stiet. Sels in lyts fers dat foar de ynstelling fan de minske Fedde Schurer biskiedend hjitte mei: God, forjow my, yn de ôfdieling Ta de stiltme, moat dan, hoe oannimlik en hoe ‘suver’ ek, de lêste heale diminsje dy't it ta hwat monumintaels meitsje kind hie misse. En dochs jow ik foar dit pretinsjeleaze en fierhinne forsobere ferske it meastepart fan de hiele bundel:
‘God, forjow my alle tael
dy't my jimmer dei op dei
help my ta de lêste hael.
Ien ding freegje ik mar, Hear -
sjoch, der binne noch in pear
dy't ik sa folslein bimin
dat 'k om har net stjerre kin.
Tink oan har en wês har goed
hâld har duorjend yn jins noed
slach jins mantel om har lea -
dan gean ik yn frede dea.’
It iennige hwat sels en spitigernôch dit fers misse moat is in ynwindich taestbere, amper yn wurden utere spanning dy't it ûnder de stream sette moatten hie fan poal en tsjinpoal, oerjefte en forwar yn dit gefal. Itselde biswier kin oanfierd wurde tsjin de oare fersen dêr't Schurer him, minder strak en minder simpel, yn uteret oer de nytgjende needsaek fan it lêste ôfskie. Ik priizgje it yn de dichter dat er théologysk-filosofysk net mear, sa't er earen wol plichte, folstiet mei in taest nei ien fan de bitroude, treastrike trefwurden, mar by de Preker en sels by de Stoa to riede giet, sûnder dat soks nou lykwols poëtysk folle úthellet. De natuer giet hjir, aldergeloks, soms dochs noch boppe de leare en hwer't de âlde ekstase, gearraend mei sokssahwat as in kosmyske oerjefte en it evangelysk leauwe yn in ryk-dat-net-fan-dizze-ierde-is trochbrekt, wit Schurer yn guon fersfragminten eigen toan èn foarm ta in oertsjûgjende ienheit to meitsjen. Fragmintarysk - net iens in fers, lit stean in fersecyclus lang, mar lykwols steane der, yn Efter it nijs, sokke rigels dy't
| |
| |
hwat bliuwends ynha - yn Perspektyf bygelyks, frjemdernôch opnommen yn it skift Under en boppe de wet. Hja kinne it yn tal net opnimme tsjin de fersen dêr't ‘muoite en fortriet’ neffens Psalm 90 toan en sfear yn bipale, mar yn dichterlike potinsje wol.
Hwant yn al dy fersen dêr't de dichter syn wurgens, argewaesje al of net mei birêsting en/of leauwe droegen yn uteret, treft jin dat gemis oan wurdwissens: om it moai to hâlden leit de jager fierstofaek oan op fûgels dy't in nochal opstoppe yndruk meitsje. Sels yn in fers as Fiten stalje (bls. 61), mei syn (neffens my grammatikael net korrekte mar dochs, hoe typysk Schureriaensk ek yn syn wurdgebrûk) markante ynset: ‘Fiten stalje, djip en kosmysk reedzje / foar har eigen ûnoantaestb'rens boarch / spylje hja de tragyske komeedzje / fan sabeare sielen sûnder soarch’ bidjerre de folgjende strofen it troch har stoplapen en kin sels de einrigel ‘... wylst de pine fret troch bien en moarch’ it gehiel net mear rêdde. Gedichten as Stiltme en as It reint dogge op har bêst epigonistysk oan: hja hawwe de Schurer-toan en de Schurer-deun, mar authentyk kin men se net neame en itselde jildt foar in al to aforistysk útfallen sankje as Leafde is... (bls. 71).
Mei bloed en roet hjit de ôfdieling dêr't Schurer syn minsklike en literaire argewaesjes, dy't de lêste jierren sa't wy witte al of net mei opsetsin en al of net mei rjocht en reden gâns fuorre binne, yn útwjirret. Schurer syn snedigens, syn flair, syn mûlripens soargje derfoar dat men gauris glimket, soms ek wolris skrillet - as it selsbiklach dúdlik de oerhân kriget of as men úntdekt hoe slim as er him guon feiten, fiten of feten oanlutsen hat. Dat er syn galle oer (nim ik oan) de opstân fan de jonge literaire vandalen yn Fryslân útspuit ûnder de titel Ut 'e lege geaën is in fynst, in wurdspiling immen as Schurer weardich. Dat er (nim ik oan) guon âlderen dy't net fuortdaliks ‘fij!’ rôpen doe't sizmar E.B. Folkertsma, Jan Tj. Piebenga of faeks Fedde Schurer sels wol ûnt-hillige waerden karakterisearret as guon dy't ‘efter de hikke stien (hawwe) / hwat op 'e jassen / to passen’ is lyksa in fynst dêr't ik in hiele dei wille fan hawn ha. Dat er syn vizy op dizze feiten en forskynsels sa forabsolutearret en binammen sa fij is fan jonge auteurs dy't blykber ‘op Freud en op Kafka lykje’ wolle stiet him, tinkt my, minder to priizgjen. De neiteam sil foar 't neist en nei't ik hoopje yn it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum mei forrin fan tiid in annotearre útjefte fan Efter it nijs fine, sadat hja net mear, lykas wy nou, riede moatte hwa't der bidoeld wurde mei ‘Marc Antoon, de slampamper’ en ‘Brutus’
| |
| |
yn it fers Dolk fan Brutus (bls. 88) en hwa't de smjunt wol wêze mei dy't yn it moai kryptysk skeldfers Ik ken dy (bls. 87) út 'e leage wosken wurdt. As der ea nochris in Fryske versy útkomt fan in boekje mei literaire leksums yn de trant fan Voor de bijl, destiids troch A. Marja sammele (S.J. van der Molen roun in jier of hwat lyn om mei in plan yn dy rjochting), dan kin Schurer dêr pûrbêste bydragen ta leverje: galliger en sarkastysker as yn Frysk Binnenhúske (bls. 77) en Provinsje (bls. 92) komt men se net gau tsjin en it binne de fersen dy't ik persoanlik it faekste en mei de measte meistimming lêze sil.
Bliuwe oer de noch net neamde skiften, dy't nei it titelfers (Efter it nijs, bls. 5) en it hjir al neamde programmatyske kwatryn Lange Jacht dizze bundel ien mei oar ta in boekje fan net minder as 92 bledsiden meitsje. Schurer syn sammeldrift is in kwael dy't mear dichters, âldere en jongere, fortoane. In syklus as Deadebitinking (bls. 7), út 1949 datearjend, sil om bûtenliteraire reden to goed om wei west hawwe, hja foeget gjin nijs ta oan it byld dat wy ús fan dit dichterskip foarmje kind hawwe en dat net stiet of falt mei dizze, tonearsten lêste bundel. Yn it skift Persoanlik miend fynt men gelegenheitsfersen ek al wer yn de bikende trant - foar freonen bygelyks dy't men ‘yn de wrede kampstriid om 't bistean’ kennen leard hat en doe gong it de siele ‘oft hja in nije, frjemde blom ûntdiek’. Yn Hwat bliuwt (bls. 23), foar Bauke Tuinstra, is Schurer as gelegenheitsdichter op syn bêst en om earlik to wêzen, as sadanich haw ik net allinne in swak foar him, mar soms ek noch de measte biwûndering. Yn Deaden en libbenen steurt my de eun-deun-dip-technyk dy't Schurer tsjin heuch en meuch blykber tapasse wol: de Leedsang foar biskop Bekkers (‘de trouste fan Gods wekkers’), op bls. 27, dy't dizze ôfdieling iepenet, hie hjirfoar biwarre bliuwe moatten, mar Schurer sels liket it wol moai to finen. It balladeske Survival (bls. 36) dêr't Tiny Mulder mei forgulde waerd wie my al út De Tsjerne bikend, mar noch slagget it my net, der in oannimlike hommage yn to lêzen, hwat dochs de bidoeling west hawwe sil.
Ik woe dat Schurer, de dichter, him troch dit frijhwat negatyf mar sa goed mooglik biredenearre oardiel fan immen dy't krapoan middle aged is, soms angry mar soms ek fan minsklike al of net wémoedige freonskiplike èn literaire forbounens bifongen - né, net sizze liet, mar dochs reden fine sil to bitinken oft er syn âld, hieltyd wer oppoetst en fûnkeljend dûbelloops noch net in kear ruilje sil foar in mes, brûkber om it paed yn de jungle to kappen.
| |
| |
Foar de fordivedaesje mei er om my dan út en troch Rilke en sels - hoe bitinkt er it! - J.W.F. Werumeus Buning fortale, mar om earlik to wêzen: allinne Rilke is partûr, en hoe! Yn it bundeltsje Opheind en trochjown hat Schurer de oersettingen sammele dy't er fan beide dichters makke hat en it suterich útjowne boekje is my allinne al djûr omdat er bygelyks Rilke syn Pietà adekwaet fortaeld hat - in sterk stik, dêr't ik de eins mislearre oersetting fan it klassike Herbsttag graech foar oersljochtsje.
Beide hjirboppe bisprutsen bundels binne forskynd by A.J. Osinga N.V. yn Boalsert yn de rige fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek, beide like ûnsjoch, mar beide wòl yn in ûnbidich greate oplaech.
Gâns eachliker is de bundel bibelske gedichten (‘chansons en balladen’, seit de útjower) dy't Schurer ûnder de titel De gitaer by it boek koart nei de beide hjirboppe bisprutsen KFFB-boekjes by de útjowerij Ambo N.V. yn Utert útjown krige. De oplaech sil der grif ek yn dit gefal net om lige, mar dochs net sa bûtenwenstige heech wêze kinne as by de KFFB. Ambo N.V. hat frijhwat mear flyt dwaen kind op de útfiering en fierders falt it op (of eins falt it hielendal krekt nèt op) dat hollânske útjowers per se net méár printflaters meitsje hoege as har fryske kollega's en dat hja, as it der op wjirret, wiswol by steat binne in baes flaptekst skriuwe to litten. Hwat dizze útjefte wol in útlânsk merkje jowt is de ôfwikende, net-korrekte ynterpunksje hjir en dêr.
De gitaer by it boek sil allinne yntegrael to wurdearjen wêze troch in publyk dat libbet út deselde kristlike tradysje as Fedde Schurer. In nije wurdearring of nije ynterpretaesje fan de âld-testamintyske stoffe hat syn doel net west; Schurer slút him yn alles oan by de biwende exegese. Ek dichterlik slút er oan by de faderen, in bûnt selskip fan û.o. Beets, Ten Kate (J.J.L.) oant en mei Moody en Sankey en... Willem de Mérode. Hy parafrasearret en aktualisearret soms ek in krom, mar altyd op basis fan it bikende koart bigryp fan de kristlike heilsleare. Foar in publyk dat der blykber gjin bien yn sjocht, oansprutsen to wurden op dizze wize: ‘hwant wûnders docht Er op syn tiid / mar Hy fortoant gjin kunsten’ (Ikabod, bls. 42), al jow ik ta dat der freonliker sitaten to finen binne. Méár noch: tusken al dy leardichten en birime bibelske skiednissen stiet hjir en dêr in fers dêr't ek in nei-kristlik lêzer even stil fan wurdt:
| |
| |
Twa bruorren libje nêst elkoar
de ien hjit Kaïn, Abel de oar
Twa stean ta offer en gebet
by 't alter nêst elkoarren
de iene mient it, de oare net
en ik bin ien fan harren.
Ien broer leit dea, ien stiet oerein
dit is in skriklik barren
de ien hat de oar tsjin de ierde slein
mar ik bin ien fan harren...
mar de toloarstelling by niisneamde lêzer, it gefoel op in kristlike wize forrifele to wurden is namsto sterker as er dan yn de lêste strofe lêze moat:
... Hwa bin ik, dat 'k myn eigen hert
God, lit my op 'e kweade net
Ambo N.V. freget har ôf - en ek de r.k. prof. F. Haarsma, dy't in Foarwurd skreaun hat foar it boekje, wol dêr min ofte mear op út - hwer't dizze fersen har plak fine sille: ‘yn 'e tsjerke of yn it kabaret’. Yn it kabaret yn gjin gefal, liket my ta en yn tsjerke, liket my ek ta, hwat langer hwat minder. Krekt omdat hja, sawol op 'e Bühne as op 'e Kreake, net dogge hwat hja pretindearje to dwaen: ‘de bibel by (!) middel fan 'e gitaer op nije wize to forstean en forsteanber to meitsjen’. Dêr sil, as it der ea fan komt en mei of sûnder gitaer noch hiel hwat oars foar nedich wêze, bin ik bang.
|
|