Tr. Riemersma / De man mei it burd
De man dy't de wachtkeamer ynroun seach ik dat in burd droech sa't ik it sels ha wollen hie. Hy wie breed boud en great.
‘Joun,’ sei er doe't er healwei it sealtsje wie en hy draeide him in koartslach om. Ik seach doe dat er rêstige, ynkringende eagen hie. Ik knikte him ta, mar ik wit net oft him dat opfoel, yn alle gefallen liet er dat net merke. Der waerd hwat grommele oan 'e tafels lofts en rjochts fan my. Hy roun fierder oan it buffet ta. De ober wachte him ôf en die alle war neat skine to litten en to sjen sa't dat in ober foeget, mar elkenien swei en seach by de man mei it burd lâns nei it bleke, skrille gesicht efter de taep.
‘Menhear?’ sei er optlêst, binepen yn 'e greate rûmte. As de man mei it burd nou syn hannen om 'e skriele hals lei soe gjinien fan uzen yngripe, wy koene net in fin forwege.
‘Hwannear giet de bus nei Drachten?’
Ik wist it: tsien minuten foar mines, mar ik koe it net sizze. ‘Dat soe 'k net witte, menhear.’ Ik sloech wyld mei it leppeltsje yn myn kopke en bûgde de holle oer de tafel. ‘Jo kinne hjirneist ynljochtings freegje.’
‘Tanke,’ sei er. Hy draeide him om en stie rjocht foar my oer oan 'e oare kant fan 'e seal. Ik sette it kopke del en seach it rút út, by in mûskopjend pearke lâns, de nacht yn. It wie ûnlijich waer, it waeide fûl en kâld en somtiden sloech in fine motrein del. Der sieten in man en frou op jierren to preuveljen by de kachel. Mei de rêch nei it buffet stie de man. Hy wie breed en great en hy droech in burd.
‘Witte jo miskien hoe let de bus nei Drachten giet?’
De âldelju by de kachel seagen nei my, dy by it rút waerden stil. Ik skodholle, mar hy seach my noch oan. ‘Né,’ sei ik.
‘Soa, witte jo it net.’
Ik skodholle jitris en wreau mei de fûst oer it kin. Ik wist dat er myn kant noch útseach dat ik doarst de eagen net op to slaen. Ik kloppe de lêste sûkerkerlen út it pûdtsje en stiek it yn 'e binnenbûs. Ik taestte nei sigaretten en stiek ien oan. Doe kuerde ik foarsichtich it sealtsje troch. Hy stie my lyk oan to sjen.
‘Soa,’ sei er. Hy roun nei in leech taffeltsje by it rút en seach nei bûten.