De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] [Nummer 2] Sjoerd Spanninga / De boeteling Dou hast hwat yn dyn ljochte wêzen de gouden kape fan dyn hier as wiest sa út de brânde glêzen delknibb'le op de tsjerkeflier ik soe dy graech myn skuld bilide hwant leafdes aura is der yn mar sels mei sûnders oan dyn side hâldt dyn gesicht in hill'geskyn. Vorige Volgende