As ik myn sin siz...
De kiker net op it skerpst
Yn it novimbernûmer '66 fan De Tsjerne stie de fierrekiker fan Sjoerd Leiker net hielendal goed ôfsteld en joech in hwat dizenich byld. Lêzers dy't net op 'e hichte binne, soene út it artikel Hongaerske freonen opmeitsje kinne dat it folk fan de Szeklers yn Hongarije wennet en dat is net sa. Yn 'e winter fan 1940-'41 haw ik as sekretaris fan Prof. Grondijs fan doarp ta doarp troch har wenkontreijen reizge en bin sa mei de Szeklers yn 'e kunde rekke.
Fierders is der suver gjin oerienkomst tusken de bitinking fan Warns en dy fan Somlyo, dy't Leiker suggerearret. De fiering fan dy oerwinning is dêrsa in typysk tsjerklike plechtichheit. It ‘feest’ bigjint twa dagen foar Pinkster en hat op Pinkster sels syn lêste dei en hichtepunt. Yndirekt wurdt hjirtroch krekt de klam lein op twaspjalt, hwant ûnder de Szeklers, dy't foar in part protestant binne en dêrby ek noch ta forskillende protestantske tsjerken bihearre, bistiet in great tsjerklik forskaet. Tige apart foar it Szeklerlân, binammen yn East-Europa dêr't men soks net wend is, is dan ek it great tal tsjerken yn in protte lytse plakken.
F.S. SIXMA VAN HEEMSTRA