part gelyk krige hat hwat de tael oangiet. Hof warskôge altyd foar in al to greate spanning tusken de tradisionéle skriuwtael en de sprektael en dêr sitte wy nou yndie mei, seit Poortinga, dy't op dit stik nei myn bitinken al to gau út de skiednis wei it hjoed ynstapt. De hjoeddeiske spanning tusken skriuw- en sprektael is ommers in oarenien as dêr't Hof foar warskôge. Hof wie bang foar in to yntellektuéle tael, dy't him fan it folk forwidere, wylst wy krekt, sa't Poortinga trouwens yn in oar forbân ek sjen lit, tangele sitte mei in skreaun Frysk, dat fakentiden net mear de tael is, dy't de minsken mei har Frysk-ûnder-Hollânske-ynfloed prate. Hof tocht oan de tsjinstelling tusken kunsttael en folkstael. Hy seach net dúdlik, dat de folkstael ek in kunsttael wurde kin.
Hoe sil men ek yn de folkstael dy't Hof bidoelde skriuwe oer de problemen, dêr't neffens Poortinga syn erfaringen op Koartehimmen de jongste romanskriuwersgeneraesje mei dwaende is? ‘it mingde houlik... in lesbyske forhâlding... de minske dy't der ûnderstrûpt yn de yndustry... middelbereskoalleproblemen; it frustrearre, lege libben fan de semi-yntellektueel; it ûnminsklike yn 'e militaire oplieding (17). Poortinga hat folslein gelyk, as er konstatearret, dat foar de bihanneling fan dit soarte fan saken, dy't de problemen fan ús tiid binne, hiel hwat âld en op himsels geef taelmateriael net mear doocht. In modern Frysk is nedich, sa't in Anne Wadman dat bygelyks skriuwt yn syn romans. Yn it âlderwetske Frysk kinne de neamde problemen net bistean. De wurden en útdrukkings binne der net iens om der oer to praten.
Sa binne der folle mear nijsgjirrige diagnoses en forrassende útspraken yn dizze rede to finen, dy't ek op de forhâlding fan literatuer en biweging yngiet en dêr sels syn titel oan ûntlient. Mei Wadman en Tamminga seit ek Poortnga dat de Fryske skriuwer op it foarste plak skriuwer is. De emansipaesje fan de literatuer foar de biweging oer, sa't dy yn de earste jiergong fan De Tsjerne proklamearre waerd, kin ek nei Poortinga syn bitinken foar de literatuer allinne mar in foardiel wêze. “Nou't de literatuer in ein hinne út it isolemint fan de biweging rekke is en in breder lêzerspublyk foun hat, is lang net altyd mear in soarte fan bikearing-ta-it-Frysk nedich om Frysk skriuwer to wurden”’ (13).
Spitigernôch giet Poortinga net yn op de fraech, oft dat jin losmeitsjen fan de biweging, dat yn De Tsjerne foar in great part skyn wie en likemin yn de sin wie fan Hof as fan Kalma, foltôge is. Soe de ‘Entmythologisierung’ fan it nasionalisme en latinte racisme fan guon Friezen, sa't Bauke de Jong dêrmei bigoun is, net in folgjende stap wêze kinne op de wei fan de emansipaesje fan de biweging? It liket my ta, dat sûnder sa'n démasqué de Fryske literatuer net in soad takomst hat. Hoe sil ien dy't yn it Frysk skriuwt en tagelyk polityk biwust is, him sa lokkich fiele kinne, salang't dat Frysk noch assosiearre wurdt mei konservatyf en nasionalistysk?
Poortinga kin yn 1965 noch sizze: ‘De forhâlding fan de Fryske skriuwers ta de biweging mei neitiid (d.w.s. nei 1945) gauris yn diskusje west hawwe, oan de praktyk fan it literair bidriuw hat dat net al to folle ôf of ta dien’ (9). Anno 1967 is dizze útspraek al wer forâldere. As de praktyk fan it literair bidriuw yndie losstie fan de diskusje oer de biweging, dan hie Bauke de Jong nou yn de redaksje fan De Tsjerne sitten. Omt de facto de literatuer noch oan de biweging boun is, is de fusy fan de trije literaire tydskriften De Tsjerne, Quatrebras en Asyl net trochgien.
Dat lêste hat lykwols mei Poortinga neat meer to meitsjen. Dy syn lêzing is in tige nuansearre, ûndogmatyske en engagearre analyse fan de hjoeddeiske, Fryske literaire situaesje. Men soe wolle dat hy ris in skiednis skreau fan de Fryske skriftekennisse. Ek dat soe wer in stapke wêze kinne op de wei fan de like needsaeklike as pynlike ûntmythologisearring.
LOLLE NAUTA