grypte er de man mei de oare hân yn it boarst en skuorde him heal oer it buro hinne. Hy hie de oare hân der daliks by en knypte goed ta. Doe't de soldaet him op 'e rêch sprong, wâdde hy efterút en hy knypte noch fûlder. Hy hie de man noch beet doe't de soldaet him mei it gewear op 'e holle sloech.’
Der sitte yn dizze lytse roman fan 95 siden - ik soe it eins leaver in novelle neame wolle - gâns eleminten út Krystforhael, dêr't Rink van der Velde yn jannewaris 1961 mei debutearre hat yn De Tsjerne. Dat is op dit stuit krekt fiif jier lyn. It bollejeijen, it staken ûnder lieding fan in appèlmaster, it heukerich bistean fan de feanarbeiders, it hongerlapjen yn 'e winterdagen, it streupen, de lange straflisten en de forearing foar Domela Nieuwenhuis is yn it niisneamde forhael in stik libben forline. Van der Velde hat der as journalist tsjûge fan west hoe't âlde manlju mei triennen yn 'e eagen stienen to stoarjen nei de hânskriften en portretten fan Domela, dy't seis jier lyn nochris to sjen wienen op in útstalling op De Gerdyk. Ek de jongerein bleau net ûnbiroerd. Rink van der Velde is dêr in foarbyld fan.
Ien fan de âlde, anarchistyske fjochters út Beets is op 'e nij forsille yn de publikaesje fan Rink van der Velde. Diskear dan yn De Fûke, in lytse roman, dy't him ôfspilet oan de iggen fan 'e Tsjûkemar. Van der Velde syn Beetster immigrant fortsjinnet dêr syn brochje as fiskerman. Yn 1940 hellet syn haedfiguer in pear ûnderdûkers yn 'e hûs en rekket, sûnder it sels to witten, bihelle yn it drama, dat him dêr yn dat earste oarlochsjier foardien hat mei de earste geheime agint út Londen.
It forhael fan Lodo van Hamel, ‘luitenant ter zee’, dy't troch H. Schaper (letter luitenant-generael) yn de oktoberdagen fan 1940 op 'e Tsjûkemar ôfhelle wurde soe mei de Fokker T VIII-W, is sa bikend as de wrâld. Hwa't it net helder mear foar de geast stiet, dy kin it neilêze by dr. L. de Jong, De Bezetting, dl. 3 (bls. 116-123). Der waerd bisocht om Van Hamel werom to heljen nei Londen en dat is mislearre. Hy waerd troch de Dútskers ta de dea foroardiele en is yn juny 1941 fusillearre.
Dit drama hat Van der Velde by it skriuwen fan De Fûke foar de geast stien, sa't er sels yn in koarte forantwurding to witten docht, ‘mar’, sa warskôget er de lêzer, ‘ik ha my net oan de histoaryske feiten en data holden.’ It hat om dy reden net folle doel om de finger to lizzen op dingen, dy't histoarysk net krekt binne of miskien ûnoannimlik. It hat it Friesch Dagblad hwat yn 'e wei west dat Van der Velde syn fiskerman binadere wurdt troch ‘de fine master Braaksma, de man mei it oranje-