De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 31] [p. 31] Geart van der Zwaag / Sirkus, fiif gedichten De liuw erst kommt das fressen und dan prippe de feinten de kening fan de dieren troch de loop dêr is de klets fan de swiip spring troch de baernende hoep platjaen en foar hurdkleed spylje moannen skroeije yn 'e brân fan it oerwâld it stjonkt yn it leger nei minskeswit tink om it lichtsjen fan de klink de gasten yn 'e loge wurde warskôge foar in liuw is de earste de bêste Flop ik haw in flie fong in flie fan in oar ik hip mei it bist troch de piste it publyk is hwat tryst ik bin net sa'n goede artyst mar nou it nûmer mei de stjelp de lêste remeedzje hoe wurdt in flie in oaljefant der wurdt al klapt de echte drave al foar [pagina 32] [p. 32] Trapeze de iene skoech yn dyn skerte de oare hellet dyn herte om dyn holle fier ik dyn smerte Clown der is in bern en net en al dy't krûpte yn in heinderbal postuerjend yn it rútsjepak set er syn direkteur to kak en skaeijend yn de skipkeskuon hâldt er publyk in húsketon der waechst him op in hantsjeklap en op gelaek in âlde grap mar oer de skreef nei efterom fynt er syn eigen noas werom it is in bern en al en net hy hat my syn komôf forret Touter fán dy néi dy wurd wink lêste swink fang dou hiest my allang Vorige Volgende