De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 30] [p. 30] Jan Dotinga / Sonsbeek '66 De profeet It boadskip hat syn flesk oan flarden skuord; yn 'e eagen fan syn búk wennet it wurd. Hy hat de tael ûntbleate oant op it bot en jowt syn lever it folk to iten. In hân slacht foar master op; in mûle gappet it ûnheil út. Hy rint op duorjende útroptekens, op de smelle stegers fan syn ropping. Vorige Volgende