De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 29] [p. 29] Tsjerk Veenstra / Sentiminteel ferske se hawwe in blanke hast it lêzen syn wêzen út 'e hûd wei ropt. jane fonda sa wyt as sûpe hat op in stoepe hast it lêzen in negerjonge dy't har in roas in roas jaen woe om't se sa moai yn 'e film spylje koe - in film fan twa soldaten de iene wyt de oare swart dy't sa't dat wolris bart togearre yn seisenfjirtich nei hûs ta teagen - in negerjonge dy't har in roas jaen woe hast it lêzen in fikse tút jown. dy blanke woe ha hja hie him skopt nou is 't wêzen syn djipste him út 'e hûd wei ropt hast it lêzen leave skat. Vorige Volgende