Filmkronyk
Falstaff
As in great regisseur Shakespeare forfilmet, hoecht der oer it foar of tsjin fan forfilme toaniel net praet to wurden om de ienfâldige reden dat Shakespeare, bihalven hwat er al ieuwen west hat, ek noch blykt ien fan de bêste scenarioskriuwers to wêzen. Orson Welles, regisseur en akteur, hat al tweintich jier lang dreamd fan in film oer Falstaff, mar it moast hieltyd wer oergean om 'e kosten. Einlings en to'n lêsten is it him slagge mei finansiéle help fan in Spaensk-Switserske ûndernimming.
Falstaff is in figuer yn wol fjouwer stikken fan de master. Hy komt it meast foar yn Hindrik IV en Hindrik V, mar ek yn Richard III en De fleurige wyfkes fan Windsor. Dat Shakespeare him sa faek brûkt is op himsels al in biwiis fan syn bilangrikens. Hy is mear as in hôfnar dy't keningen en har selskippen formakket mei syn spot en spitse boutades en dêrfoar bitelle wurdt. Hy leit in eigen libben, is sels in earsuchtige swankebast, sûplap en huorrejager en ek in gefaerlik yntrigant dy't byneed de hiele polityk yn de bulten jaget, as er der sels better fan wurdt. Nou wiene der destiids frijhwat prinsen en pretindinten dy't via deselde eigenskippen op 'e troan kamen, mar by Falstaff falle se op troch syn formaet, syn maetskiplike status en syn yntellekt. As skepping fan wrâlds greatste dramaturch en tsjin de eftergroun fan opstân, komplot en oarloch in boeijende wyldeman.
Welles spilet sels de haedrol en hoe! Dit ûnbidige lichem bihearsket it greate doek, dit bolderjend lûd dominearret, dizze kop hie Falstaff wiis mei wêze kind. In lichaemlike forskining dy't krekt yn dizze rol it treflik spyljen noch mear relief jowt. Hy is de baes fan alle swetsers en charmeurs yn de Londenske kroegen, de flymjende poëtyske kommentator, de (ûntwapenjende) leffert yn gefaer, de tsjoede geast fan de prins fan Wales. De freonskip fan de prins mei Falstaff is de politike plot fan it forhael. It wurdt in happy ending foar de bikearde prins, in smaedlik ein foar Falstaff. As Hindrik V fornederet de foarst syn âld-kammeraet-yn-desûnde yn 't publyk en forballet him. Allinne Shakespeare en Welles kinne sa'n mearke-eftich slot mei glâns oan. De nije noblesse fan de prins en de wanhoop fan Falstaff oertsjûgje beide.
De grouwélige ridderslach tusken de legers fan Hindrik IV en Northumberland is fan in binearjend réalisme, dat fan regisseur en kameraman it uterste ferge. My foelen twa kommentaren op 'e slachtpartij op. Falstaff sines: hwat is honour? a word! en boppe it helske trelit út de skreau fan in stjerrend hynder as kosmysk protest.
Spylders fan great formaet binne û.o. Margaret Rutherford (dy't op 65-jierrige leeftiid débutearre) as kasteleinske fan Falstaff syn stamkroech en de forneamde toanielspylder John Gielgud as Hindrik IV. Him de poëzij fan Shakespeare sizzen to hearren is in útsûnderlik genot op himsels.
INNE DE JONG