De Tsjerne. Jaargang 22
(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 4]
| |
Goejoungoejoun freonen
goejoun allegearre
ik sjoch jim
graech ris wer
goejoun freonen
goejoun mar wer
ik haw jim
alwer lang
genôch sjoen
| |
[pagina 5]
| |
Hubris‘Poëzie is waanzin.’ der bin wol dichters
- ek nou noch -
dy't oer stjerren en de
moanne skriuwe
de ien skopt wreed
in stjer omleech
de oar sit yn 'e moanne
nou hat soks neat
to krijen mei biljerten
of naeijen en dat is
in tige sleau grapke
mar:
de offisiéle krityk
neamt soks de
kosmische hubris
fan 'e dichter
wylst ik it
flauwekul
flauwekul
FLAUWEKUL
fyn
achterberg en boutens
boppe oan de list
fan goaden yn 'e poëzij
en nimmen dy't
der ien kloat fan bigrypt
poëzij is poëzij
yn dizze tiid
as men glimket
en wer moed kriget
| |
[pagina 6]
| |
Bernik wit
hwat myn bern
to wachtsjen stiet
hja bin nou
twa en fjouwer
twa famkes
dy't togearre
in soad wille ha
letter sille hja
wol idealen ha
en geil frije
mei pûsterige
snotnoazen
ik sit dan
mei in sigaer
efter in slokje
to wachtsjen
heel âld
sa âld as
de wrâld
en flok
tsjin myn gelyk
omdat it wer
itselde is.
| |
[pagina 7]
| |
Puber post puber't is moai dat der noch
mannen as schurer binne
dy't mei sawntich jier
noch puber binne
dat witte wolle
en dûmny ntoane
to kakken sette
mei dizze sawntigers
hâldt men it út
as men fiifentritich is
mei tweintigers
- sorry - teeners
kin dat net mear
dy binne to
ambitieus
dy wolle in
eigen hûs
en net tofolle bern
wy binne de
tuskenlizzers
de pubers nei de
twadde wrâldkriich
de slokkers dy't
it hiele libben lang
tusken servet en tafellekken
hingjen bliuwe
| |
[pagina 8]
| |
Myn omke is deadizze swarte fûgel
dizze âldbiwende
oerpoëtyske
hoarnikaenske
swarte fûgel
is de dea
hy skyt
op jou nije wein
op jou eigen
jou eigensteigen
hûs en op
josels
hy komt
hwannear en hoe
wit hy allinnich
dochs jimmer
to bitiid
ik wit wol
- wer itselde -
seit jan-pyt knor
mar tink er om:
't is altyd
âlde wyn yn nije sekken.
|
|