De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 3] [p. 3] Tr. Riemersma / Fers Wy kuijeren nei Sybrandabuorren myn sweager en ik mei de bern. Op 'e reed nei Anne-Ep roun de J. dy't fan 'e wike syn frou bigroef. Se hie de jierren dat wy meije net opstannich wêze. Hy droech in swarte hoed en sneupte yn 'e wâl lâns net liker of socht er einaeijen. Pas op bliksem rop ik dy forrekte auto's bidjerre alles men stiet om 't hurtsje yn 'e berm wy kinne better nei hûs gean kom mei bern. Vorige Volgende