[Nummer 1]
Jo Smit / Nijjiersdei
De Redaksje ta-eigene
‘Nou! Nou moat it wêze,’ tocht er. Der wie gjin forwin mear op. Hoe lang lyn al net hied er it bislút nommen, wie it yn him ryp wurden earder en trochbrutsen yn in flymjende pine; mar kjel hied er wifke, der tsjin oan skoarre en hie it forsteld en forsteld, oant er witten hie: nijjiersdei, dat sil de dei wêze. Nijjier, in dei dat al it âlde wykt, weisinkt, byset wurdt en de klokken droane, it wurdt biïerdige. Hear it dompen fan de kluten tusken it lieden troch. Men hâldt de siken yn, net út earbied of fortriet, mar om't it jin nou net mear birikke kin en alles spand is op it nije dat bigjint.
Lofts op 'e bank wied er sitten gien, yn in hoeke fan 'e keamer, each yn each mei it skjinne, folle kalinder. It blinkende, forblynjende dêr't men net nei sjen kin, mar tagelyk jin net oan ûntwine kin. Siet er dêrom op dit plak, of wie dat om't er net fuortdalks bispeurd wurde soe troch hwa't de keamer ynkomme koe? Hy fornaem net hoe't er de hakken oploek, hoe't syn rêch krûmloek, mar àl fielde er syn kûten spand tsjin de foarkant fan de bank oan.
In lage, tocht er, in lage... sûnder wêzenlik forbân mei de situaesje. Hjoed, wist er doe ek. Ta dizze fatale mannichte, ta dizze birettens hie syn tinken fan moannen him brocht. Hjoed? Der meneuvele hwat troch syn dizige tinzen. Fansels moast it hjoed, alles moat hjoed, altiten, juster is ivich dea, moarn noch net berne; alles hwat wy dogge is hjoed, is nou. Dochs, hjoed wie nou, ien jannewaris en dat wie gjin tafal. Dat wie in nij bigjin, nei in ôfrekken mei it forline, mei alles dat foarby is, al is it ek sa tichteby as justerjoun tolve ûre. Of fan 'e moarn, it skoude trochinoar, it roun yninoar oer. Op dy grins, dy't gjin skieding wie, hiene hja inoar lokwinske, en de tiid wie trochgien lykas altiten. Mar it wiere kanteljen fan de tiid kaem aenst.
Biweegde de doar?
Roerleas, mei alle sintugen iepen, bisocht er de bûtewrâld op to heinen. Neat, der wie sels gjin geroft, oant er it bounzjen hearde tsjin syn kiel. Doe fornaem er de dizenige rook fan fruchten dy't dêr op 'e skael lizze