| |
| |
| |
Leo Popma / De Prûk
Tsjin de joun wie er ta de keamer ynlitten. Of better treaun, hwant mei't ik in licht gerûs hearde en my yn dy rjochting kearde, seach ik him stean. Gjin doar dy't noch neibiweegde, gjin stim of fuotstap ek dy't earne út 'e gong wei hjir trochkrongen wie. Alles stil en roerleas. As út 'e himel fallen hied er dêr stien, sa sunich ek de keamer yn him opnommen, en noch altyd net wis oft it wol fortroud wie in foet to forsetten, wied er op it lêst as in skoftige houn, hwat skean fansiden, op in stoel oan skonke, rjocht foar my oer. Hwat er dêr krekt útheefd hie - mar mei de smelle rêch nei my takeard, seach ik him justjes foaroer bùgd as blies er efkes oer de sitting of wyndere er mei in bûsdoekje der lichtjes oerhinne, ynienen hied er him omdraeid en siet er. Eptich de knibbeltsjes tsjinelkoar, hantsjes yn 'e skerte teard, broas broas, en daelk wie it fûgelkopke wer bigoun to forwegen om de nije kouwe fierder to ûntdekken.
Faeks koe syn komst in bytsje fordivedaesje bringe. It hie in lange dei west sûnt de moarns. Yn earsten hie men de tiid noch sahwat roaije kinnen oan it sinneljocht dat troch de hege lytse rútsjes earst op myn muorre fallen wie, letter op 'e dei op it lewant tsjin de ruten oer en in ûrmannich foar't hy der ynkaem, oan 'e ein fan de muorre kommen wie, dy't ik nou mar sines neame sil.
De stilte en binearing yn it keammerke hiene jin suver oars makke. Myn maet hie my leau 'k al in skoftsje opnommen, hwant doe't ik syn kant wer ris út eage, wie er oereinkommen en hie er him foarsteld.
Stichem, mei jou wolnimmen. Dêrnei wie er wer sitten gien en hie er frege, as er my net ûntrive, oft ik ek sizze koe hoelang't it duorje soe, ear't er oan bar wie. Syn lûd wie al like meager as syn hiele wêzen, och sa minnichjes, mar op in forûngelike toan dy't jin twong wiidweidich mar op it stik oan to antwurdzjen. Op myn relaes hied er lykwols gjin biskie jown. Ut en troch hearde men him suchtsjen en stinnen, mon dieu, mon dieu, ce n'est pas de travail, hein, of soartgelikense klanken. Oft it wier út lilkens wie of dat er him in hâlding bisocht to jaen en him net rjocht bleatjaen doarst en eat binefter hold, wie slim gewaer to wurden. As hied er wol syn skeamele lea yn dit keammerke opslein,
| |
| |
mar yn tinzen oars earne tahold, sa ôfwêzich en opteard siet er dêr.
It wie alhiel tsjuster wurden, ik koe him net mear sitten sjen en hie my ôffrege, oft er der net like stikem wer útritst wie as er der ynkommen wie. Ynienen gie it ljocht op, in blaueftich skynsel dat boppe elk fan ús út in gat yn it plafond skynde en yn in sirkel om jin hinne foel. S. siet noch like kreas op syn plak, efkes seach er my oan as fortroude er my net, ik makke him mei gebearten dúdlik dat ik de hân der net yn hie, mar syn eagen wiene al wer op ûndersiik.
Wy wachten ôf, de hiele dei hie him noch gjin mins fortoand. Ik soe wol even belje wolle, faeks kaem nou de kâns. Siker, ik hie juster op kantoar wol sein, dat ik hjoed in ûrke letter komme soe, ik moast op kontrôlle wie my oansein, mar hja soene my yn 'e rin fan de dei dochs mist ha. De sjef soe moarn wol sizze, dit koe sa net, dit moast op ûntslach útrinne.
Ut 'e tas dy't er neist de stoel set hie, helle S. in wyt petsje, sette it mei soarch op en eage efkes myn kant út, as hied er hope dat it my ûntkommen wie. Der waerd kloppe en fuort kaem der in forpleechster ta de doar yn, dy't in taffeltsje midden yn 'e keamer ried.
Hearen, it is itenstiid, yt smaeklik. Jim kinne fannacht hjir bliuwe.
Hja wiisde op 'e doar yn de hoeke fan Stichem syn muorre. Jimme sjef wit der fan. Moarn is der wer in dei. En mei in glimke tsjin elk fan ús, sette hja wer ôf.
Se koene wol op ús rekkene ha, preuvele S., in bytsje haetlik, nei't my talike. Nou ja, ik bidoel der neat mei, hear, wie er my al foar (ik hie trouwens earlik net fan doel west om him tsjin to fallen). It sil har op 't lêst ek wol opdroegen wêze, né, tink net dat ik har hwat kwea ôf nimme soe. Hja liket my sels tige freonlik, moat ik sizze.
Wy skouden oan, elk oan in kant fan it taffeltsje. Boppe ús wie in fûl wyt ljocht oanknipt. S. hie mei sin it petsje wer yn 'e tas opburgen en mei deselde sunige trek om it spjochtige bekje as fan 'e middei, pjukke er hwat wite beane út 'e skael, preau der even oan mei syn tinne lippen en iet erchtinkend fierder.
Neffens my binne se to fet, sei er. Mar lit jo net wjerhâlde der fan to iten, mynhear, it is myn persoanlike miening, it kin wêze dat in oar der oars oer tinkt. Ik mei sok dreech iten net, ja, jo moatte my goed bigripe, myn mage haw ik oars in bytsje lêst fan, hear, jo moatte net tinke, dy Stichem is mar in sinnich man, mar it past sa goed net by myn aerd.
| |
| |
De beane dreaune yndied yn 'e oalje, mar mei in stik bôlle wie it wol to iten. It fûgelkopke foar my oer kôge traech en fiis troch. Achter de swarte bril dwaelden de biweechlike priemeachjes ûnrêstich oer de tafel, de muorren lâns en it plafond. Komselden dat er my oanseach, ek net hwannear't er mei in slepende stim en syn brijkjend en opdwaenderich aksint it praet wer op 'e gleed brocht. De hiele breedte fan syn foarholle oer, sa leech as dy wie, rounen djippe groeven, dy't algeduerich yn biweging wiene en gearloeken sadré't er eat to biwearen hie, of ek hwannear't er allinnich mar om him hinne seach. En binammen as er mei in driftich triuwke fan syn puntige flerkjes de ôfsakke bril wer to plak brocht, loek it leareftich fel fan alle kanten yn tearen. En dan syn hier, dêr't men nearne in ynplanting oan bispeure koe. Yn ien sloppe baer lei it him oer de plasse, as wie it fan ûnderút omslein en dan los efteroer kjimd. Fan lofts nei rjochts roun de hiergrins boppedat in bytsje skean ôf, as wie it hiele boskje hwat fansiden sakke. En dêrby it lyts seremoanieel as er him to fier foardel bûgd hie en er - earst it triuwke tsjin de bril - mei de flakke hân soarchsum de fansiden fallen lokken wer to plak brocht.
Alors, c'est fini, en mei it servet dipte er syn lippen, himsels daelk wer tsjinfallend en mei de doek yn myn rjochting meneuveljend, mar lit jo troch my net steure, gean foaral jou gong, ik bin in matich iter fan natueren. Kreas en keken, ek hoe't er him ûntskuldige om syn hannen to waskjen en mei it taske efter de syddoar rekke.
De oare deis, doe't ik ta de keamer ynkaem, siet S. al op syn plak, it petsje wer op 'e holle en dwaende syn neilen to bihimmeljen.
Soene jo ek net tinke dat dit fortrek op it tún útsjocht, mynhear? Hy wiisde nei it skaedbyld fan de tûke dat al wer op myn muorre forweegde. Dêr wol ik my leaver net oer útlitte, salang't it mines is, sei ik biskieden. Ik hie my foarnommen my hjoed net daelk wer troch syn wis praet oer de staech sette to litten.
De eigner hat mei opsetsin de ruten hegernôch ynbouwe litten om alle loerderij foar to kommen, neffens my moat men soks respektearje.
Nou pas seach er my oan, knikte ôfwêzich goe-moarn, wreau yn gedachten oer it kin en mompele kleijerich dat er him net skeare kind hie.
Ik fyn it frijhwat ûnfatsoenlik, hear. Ik moat aenst earst nei hûs, foar't ik nei kantoar gean. Ik sit op it Ministearje - ja, net iens sa'n hege po- | |
| |
sysje, mynhear, ik bin ek mar in ridlik gewoan amtner - mar sa kin ik net forskine.
(Hy moast my der net op oansjen, ik koe der wier neat oan dwaen). Hy toete de lippen en bigoun mei koarte knikjes fan syn holle oan it safolste ûndersiik fan ús apartemint.
De fierdere moarn sieten wy swijend foar elkoar oer. Ik hie myn notysjeboekje foar it ljocht helle en birekkene foar de tredde kears de ôfmjittingen fan it keammerke, dat my hieltyd lytser like to wurden; sechtjin tichels nei S., njoggen rjochts en fjouwer lofts, en litte der ris twa ûnder myn stoel lizze, dat is njoggen plus 4 is 13, plus 2 (ûnder de stoel), totael fyftjin (15). Sawntjin augustus, de tûke al foar de helte op neutrael gebiet.
Ynienen stie S. foar my, stoep forbjustere wer tobek doe't ik opseach, en mei heal taknypte eagen nei it sinneljocht keard, stammere er forheard foar him út. Bidriuwe jo spionaezje, mynhear?
Ik skattere it út, suver tsjin myn wil, hwant alhoe frjemd er wie, der gie hwat fan him út dat makke, dat men him mei fordrach bihannele.
Nou ja, ik seach jo sitten to skriuwen, my tinkt men moat witte hwer't men oan ta is. Hy seach my op en del oan, glimke gerêst en gong wer sitten.
De tûke is al op 'e helte fan it nimmenslân. Oer in healûre is it tún neutrael gebiet. Ik sil mei Stichem oerlizze moatte hoe't wy fan 'e middei yn frede dêr forkeare kinne. Dêrnei is it alhiel fan him.
Hy knikte doe't ik him myn oantekeningen foarlêzen hie, mar makke gjin risselwaesje om foar de middeis in regeling oan to gean.
Doe't de stilte wer ynset wie, kaem it my yn 't sin dat my hwat oan him opfallen wie, dat ik earder noch net opmurken hie. Oft it petsje him fan 'e holle rûgele of dat er it op dat stuit net op hawn hie, wie my by alle rekkenderij ûntkommen, mar troch de haest hwermei't er opspatten wie, tink, hong it sloppe hier him oer de sliepen en nei it rút tadraeid, koe ik sjen hoe't efter op syn holle de keale plasse frijkommen wie. Op myn laitsjen (allinne om de spionaezje, dat wik ik jo) kearde er him fuort wer om en efterút rinnend striek er op de biwende manear de brunige piken omheech.
Syn swijen waerd hieltyd feniniger en it praet dat er út en troch bigoun, op dy eptige en ûnderhâldende toan, hwerby't er my nou ek langer hwat mear skerp oanseach, wie as in stil forwyt, om't ik my net like attint en korrekt foardie. Mar alle kearen as ik, bliid om de kâns om him to
| |
| |
wille wêze to kinnen, op syn opmerkingen yngong, wie er dwaende yn syn tas en seach of hearde er my net mear.
De waermte en binearing yn 'e keamer waerden al mar slimmer. Wy ieten fan hwat er fan it miel fan de foarige jouns oerbleaun wie. Stichem wie foar de sjeu mei oanskoud, syn mage wie net yn oarder - hied er it my juster net foarsein? - dy oalje koe ek gjin libben wêzen forneare, siz, ja, hy woe my net sjokkearje, hear, biliven net, mar ik moast wol in kouwemage ha. Hy bipluze wurch in stik droege bôlle en skildere my ûnderwilens it fortarringsproses, dat him nou yn syn liif (dat suterige, syklike rotlyfke, ssst!) oan it foltsjen wie. Ik moast him baes bliuwe, my net oerdonderje litte troch syn skealik en stekkerich gedoch. Fleurich en sa réwillich as mar mooglik wie, stelde ik him út yn it akkoart to kommen oer it tún, de skyn fan de tûke wie nou hielendal op 'e tuskenmuorre bilânne, wy koene der nou likefolle oanspraek op meitsje.
S. dipte him it swit fan 'e foarholle en tocht mar efkes to rêsten. De wite skoudertas waerd ynpakt, flak foar myn eagen (Hotelplan, lies ik op 'e sydkanten), en mei in knikje sette er op 'e sliepkeamer ta.
It wie stil yn it tún. Ik slûge hwat yn 'e sinne en forskoude myn stoel mei it fjouwerkant fan ljocht dat stadich yn 'e rjochting fan S. syn domein kroep mei't de middei forroun. It koe my it measte net mear skele hwat de sjef fan myn ôfwêzigens tinke soe. Men hie ek gjin bisleur mear oer de tiid. Ik soe wol hast oan bar wêze sûnt ik lang forlyn hjir yn rekke. It hie even gounze doe't ik oanskille en de doar sprong yn it tsier. Neffens de oanwizing op it boerd bidarre men hjir, yn dizze keamer, wachtkeamer rjochts healwei de gong, pasjinten wurde warskôge. Wy moatte it ús mar oan tiid dwaen. S. sil it noch langer úthâlde moatte as ik.
Foar de sliepkeamersdoar bidarre, genoat ik fan de lêste sinnestrielen, dy't meikoarten om 'e hoeke forglide soene. Ik wie wer yn 'e slom rekke, doe't hommels de doar opgie en S., heal neaken, hast oer my hinne foel, binnenmûls mompeljend en in greate handoek, oan de úteinen beet, foar him út hold.
Kin dat ek, siz, dat fornuvert my al, earlik sein. Kinne jo my miskien út 'e rie helpe, mynhear? Unforsteanber preuvele er troch en toande my de wite handoek, dy't as in ûnbidige flagge delhong en him ûnsichtber makke, doe't er my de lape yn 'e folle langte foarhâldde. Fan ûnderen nei hoppen roun in reade baen oer de midden fan 'e doek, hwer't yn wyt
| |
| |
letters op útsparre wiene: Heilich Lân Hotel. Mar noch altyd net bigriep ik syn probleem, ek net trouwens hwat dy namme to bitsjutten hie, as it him dêr om to rêdden wie, koe ik him wol neikomme. Mar it wie as hied er him to folle gean litten en wist er mear as genôch oer de bitsjutting en moast er sjen syn komst en gedoch, nou't er net mear werom koe, oannimlik to meitsjen.
Neffens my moat it hillich wêze, mar ik wol myn miening graech foar in bettere jaen, hear. Heilich, it liket my hwat... (Murk ik foar it earst hwat fan ûnwissens yn syn praet?). Ik bin der dan ek net wis fan dat it goed is, mar sa't ik sei, ik wol wol om lyk, hear.
Ik tocht dat heilich yn dit gefal wol koe, yn eigennammen lei it in bytsje oars, tocht my.
Hy hie de doar wer sletten, men hearde hoe't er him fierder oanklaeide, by soe daelk werom wêze.
De joun forroun as de foarige deis. Us iten waerd brocht, deselde gerêststelling waerd ús trochdien. Stichem hie noch mar krekt binnen west en siet foardel om syn fiters to strusen. In momint like de forpleechster forslein, ried it taffeltsje to plak, glimke senuweftich tsjin my en mei it weintsje fan juster skearde hja by my lâns en lústere: de prûk. Oft it konsternaesje wie of stikeme wille koe ik sa gau net neikomme, hwant S. skeat al oerein en priemeage nei har, nei my en siet doe wer (altyd wer en weroan) yn 'e ploai.
Nei iten kaem it praet nochris op it heilich lân. Mar wearzich stie er my to wurd. Hja hoege my neat to fortellen, mynhear, praet my der net fan, foaroardielen, siz ik, allegearre leagens, nim dat fan my oan. Ik bin tafallich hiel goed ynljochte, hja kinne my neat wysmeitsje, sa ienfâldich leit it net, c'est très, très compliqué, hein. Even fielde ik meilijen foar him, sa biswarrend en forhûddûke as er praette, mar syn stim sakke wer wei en teamerich brijke er troch sûnder dat ik wist hwer't er it oer hie. Himel, hoe lang moast dit duorje? De driging yn it keammerke boaze oan, it sûzeljende blauwe ljocht makke jin swier en gefoelleas, en de hjitte, dy't binammen de nachts yn it sliepfortrek sûnder ruten, ûndraechlik wie. Stichem lei op bêd, neaken op in broekje nei, dêr't in mûnstereftich orgaen - ien, twa slaggen to great op syn minst, foar sa'n lichemke - út optuorke. It gesicht dêrfan en it witten dat men dêr de hiele nacht tahâlde moast, binaem jin de siken. Ik hie hope dat er by it op bêd gean
| |
| |
bilies jaen moatte soe. Mar kreas lei it fakirliif op 'e rêch, de earms stiff by it lichem del, ribben en bonken, mar oer de prûk waerd ik neat wys.
Aldergeloks, it wie safier. De gong wie lang en tsjuster, mar ik wie oan bar, aenst koe ik werom nei kantoar, S. soe ik net mear moetsje, ik soe al bûten wêze as er ta de gong yn kaem. Hoe lang al wie ik ûnderweis? De nachts hie ik suver gjin wink yn 'e eagen hawn en koe daelk op 'en paed, doe't ik oproppen waerd en S. my, sûnder in teken fan forwûndering of oergunst, fuortgean seach. De gong like sûnder ein, skraechoan forljochte út glêzen bakken, dy't as akwariums yn it lewant ynboud wiene, en dêr't it yn sweefde fan triedden en weagen dy't men net ûnderskiede koe. Soms forbylde ik my S. syn gesicht der yn gewaer to wurden, mar ik die myn bêst der net oan ta to jaen en troch to rinnen. Fan 'e middei soe ik bûten wêze en earst in fiks ein to kuijerjen gean, dan nei kantoar en oan it wurk. Dêr soe ik de hiele joun wol mei biset wêze, mar hja soene dêr net oer my to kleijen ha. Aloan minder koe ik myn tinzen yn 'e macht hâlde, ik wie der wis fan dat de sjef, mei de noas tsjin it glês oan, my út ien fan de ljochtbakken wei oangniisde. De bylden waerden hieltyd dúdliker, oeral stoarren gesichten my oan, dy't ik earne fan koe mar net thús to bringen wiene en dy't weiwaerden hwannear't ik tichterby kaem om se werom to kennen. Ik hie it op in draven set, it soe al mar letter wurde. Der wie in stive wyn opstutsen, dy't troch de tunnel rûsde en út it tsjuster my tomjitte kaem. Bytiden hie it fan in skealik laitsjen. Men koe it paed langer allinne op 'e taest mear fine, fierder gie it, ik moast hast oan 'e ein fan 'e gong wêze, sa dúdlik hearde ik myn namme wer omroppen. Hurder fleach ik, al mar hurder.
Yn de wynstilte knypeage ik tsjin it fûle ljocht dat troch de bopperuten yn it keammerke foel, deselde romte dêr't ik de moarns út ôfset wie, en dêr't ik yn weidreame woe nou't de rêst fan de middeistún oer my kaem. Wie ik werom yn it tún? Njonken my hearde ik in stim en skatterjen en doe't ik oan it ljocht wend rekke, seach ik de skriklike stoel en dêrneist de forpleechster dy't my hiet sitten to gean. Forlamme liet ik my de riemen oan hannen en fuotten fêstgaspje, stadich sakke it bekling achteroer en heech boppe my bûgde in wite gedaente him oer my hinne. Stichem, Stichem, ik skreaude him ta om him to witten to dwaen dat ik it wie, mar hy lake lûd en rjochte de gounzjende tangen dy't yn stielen earms oan de stoel bifestige wiene, op myn liif, myn
| |
| |
holle, myn gesicht. Gjin wurd hied er sein, de lampe boppe my yn 'e souder brânde yn myn eagen, blyn hearde ik yn 'e fierte noch it droanen fan de tangen tsjin myn plasse...
Yn 'e tas dy't hja meijown ha, tôgje ik de skriele hompe brea, dêr't ik út en troch de reis noch foar ûnderbrek. De wyn is skrousk, dy't troch de tunnel raest, tin de klean dy't my biskermje moatte, myn brânnige holle bounzet yn de pet dy't my foar de sigen taskikt is. It hat gjin sin mear jin to haestjen, op 'e taest giet men fierder, fan ljocht ta ljocht. De bylden efter it glês geije jin lûdleas tomjitte. Ald en hurd wurdt it lichem op syn tocht yn dizze sirkelgong. Hark, hoe't myn namme bytiden troch it tsjuster galmet. Stichem, Stichem, it wjerlûd bolderet my foarby en forstjert yn it tsjuster, my foarút. Hwannear't ik dêrfandinne ôfset bin, hoelang't ik noch reizgje sil -?, mar oan de útgong sil ik slagje, ta de wachtkeamer yn, in jountiid, as út 'e himel fallen sil de nijkommer my opnimme, him fornuverje en forlustigje, yn frjemde talen sil ik sprekke, oantsjuttend en ûnheil stichtsjend, en swijend moat ik it forrie oankundigje, Stichem, it driigjend spul en syn ôfrin.
|
|