De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 443] [p. 443] [Nummer 12] Sjoerd Spanninga: De astrolooch Ien ûre reizgen wy togearre nei de stêd dy't oan 'e ein leit fan de tiden en mannich jier liet sont syn merk wol op ús wêzen mar altyd keart de hûgenis werom by elke bloedslach fan it hert - gjin wurd ha wy elkoarren sein en dochs de dagen rinne mei dy op de nachten rêste oan dyn sliepen - ik ha de skrik en de forrassing sjoen de skok dy't troch dy hinne gie doe't yn in flits wy beide ús bistimming fielden it sprakeleas forbazen fan dyn mûle sil my nea forjitte en de lange lange moeting fan ús eagen dy't alles sei en alles swei dât is se wist ik doe ynienen en winliks bin ik jimmeroan nei dy op reis - mar earne is in halte of waeijerje de wegen út as minsken sûnder namme wurde wy op ierde wei en dochs de stjerren sykje dyn gestalte de teisters fan it gers se drage licht fan dy de dauwe dat har forhoalenheden brânne bar myn foet it fjild rûkt fris hiestou by klaverblêd en blommen dy forskûle de séen rûzje it my ta hja soene dy út tûzenen werkenne en algeduerigen stie wol de reade ljochttoer [pagina 444] [p. 444] noed fan dy sadré't it wetter nei de dunen wâdde - der spylje fan de moanne dus noch heimenissen op ús yn dy't jin to rieden jowe faeks bloeije inkeld mar de stilten oan har iepen - sa lit ik fol bitrouwen dan myn slim yn dy fordwine nou't ik de sulv'ren bol oer dy bifreegje mûlk liene de planeten my 't magnetysk stof dat dy út it forline lûkt hwant dou bast my ûnweard'ge iepenbiere oan mysels en silst it bêste yn my libben hâlde. Vorige Volgende