De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 279]
| |
Durk van der Ploeg:Undersyk nei it motyf fan de romer yn us kapitalen
Myn leafste
Hwat is myn leafste letter?
Myn leafste letter is Ygrek
Dat is foar my in romer
En dat is net sa gek
Wipperke
De V is miskien better
De V is great en rom
Mar der sit gjin poatsje ûnder
En dêrom falt er om
To djip
De letter O o waimir
In hoepeltsje in tsjel
Mar mei twa dronken eagen
Sjochst yn in romer del
Ien mei
foar E.B.F.
In poddestoel in paraplu
In romer mei in leppeltsje de Q
Wol handich foar de brûker
Fan brandewyn mei sûker
NX
In krusing en in sânglês
Dat is de letter X
Sit boppe yn de romer
Yn de ûnderste sit niks
URN
De U in romer gol en roun
Mar 't jowt my argewaesje
Sadré dit letterteken wurdt
De krûk fan de krémaesje
| |
[pagina 280]
| |
Ode oan de fetseskoalle
Ik woe dat myn skoalbank in hynder west hie
In hynder fan hout en metael
Myn pin en myn skrift in fûgel in flie
Myn letters in fers in forhael
Ik woe dat myn skoalbank in hynder west hie
En myn master in greate meloen
En de sifers sa kâld as iis en snie
Dan frear it wol in miljoen
Ik woe dat myn skoalbank in hynder west hie
Dat heech oer de huzen fleach
Sadat ik de minsken fan boppen sjoen hie
As de Kening mei it iene Each
Ik woe dat myn skoalbank in hynder west hie
En myn juffer in sûre augurk
Dan wist ik tominsten nou hwer't ik stie
En oars dan hyt ikke gjin Durk.
| |
Forskjinje
Yn 'e etalaezje stiet in moadepop
In frou mei skroeven sûnder kop
Mar út 'e hals dêr bloeit in roas
In orchidé, in rôze noas
In rûker, in hart sa wyt as sûker
De etaleur slûpt as in dûker
troch it aquarium glamour
Rjocht op it steile lichem ta
Drapearret stoffen om it gips
De boarsten stykjend mar hwat pips
Mar skonken blinder dat hat pep
Sa dekt de lading linnen nep
De krante skriuwt op 'e earste etaezje
Unthalze frou yn 'e etalaezje
En foar it glês rint men to heap
Hwant hjoed bigjint de útforkeap.
| |
[pagina 281]
| |
Ynterview mei Kattenburger
Jij rookt marahuana sigaretten?
Ja
Waar koop je die?
Zeg ik niet, krijg ik gedonder met de politie
Waarom rook je ze?
Dan kan ik zo lekker dromen
Verdomd waar, dan voel ik me heerlijk
Dan ben ik high
Als je high bent wat doe je dan?
Dan schrijf ik wat
Wat schrijf je?
Protestsongs en zo
Weetikveel.
| |
Lietsje foar in theolooch
In dûmny is in bidder mar gjin gever
Dat komt sa'n man hat faek in droege lever
Mar wie de lever minder droech
Dan siet er ivich yn 'e kroech
Roun moarns hwat skean mar jouns noch skever
Hy waerd in plakker en in klever
Soks giet de minsken fiersto rûch
En dêrom lizze dûmnys droech
Se sjogge wyt en weiten as de wever
In dûmny is in bidder mar gjin gever.
| |
By myn himelfeart
Hwa pakt my by myn himelfeart
Op 't nipperke noch by myn steart?
Dy skuor ik mei nei boppen ta
En skriuwt my dêr in dogma
Faeks giet jim dit wol hwat to rûch
En roppe ho Durk van der Ploeg!
Mar jim hjir ûnder stean foar skut
Hwant ik ha hielendal gjin sturt.
| |
[pagina 282]
| |
Nieuw liedeken tot lof van VrieslandtOpdroegen oan J.J. Starter
Het Friese platteland loopt leeg
Friesland verliest zijn beste zonen
En toch is het zo leuk er te wonen
Maar ja, de mensen zijn zo dreech
De meren zijn er wijds en groots
Maar de vlakten zijn er dood en doods
De mensen kopen er jong een graf
En daar is de kous dan mee af.
| |
De rom fan Fryslan(Forfryske fan D. Kalma)
Yn elke gemeente telt men de noazen
Bin der hwat mear dan sit men op roazen
Bin der hwat minder, men sit op swart sied
Men wit hoe't dat yn Fryslân giet
Hieltyd wurdt it tal noazen tinder
Hieltyd wurde de sielen minderGa naar voetnoot*)
De minsken forlitte har hûs en har hurd
Oant Fryslân wer in rimboe wurdt.
| |
[pagina 283]
| |
TsjugenisOpdroegen oan Eeltsje Boates Folkertsma
Fryslân is al ieuwenlang swier
Mar hwerom bernet it nea?
It is hjir sa leech, it is hjir sa dea
By it kreambêd stiet al de bier
Soms tink ik, o blinder, nou binn' we der hast
Hwant Fryslân hat wol in liif
Al is it hwat hurd soms en grou en stiif
Mar ik wachtsje oant dat it barst
Dit stiet by alles wol yn 'e kiif
It docht my de holle net sear
Mar as Fryslân bernet en 'k bin der net mear
Jow my dan yn 't grêf noch de fiif.
| |
Soasiael minimum
De wolfeart is hjir minimael
Op hûnderttweintich goune
De wyn stiet lykwols fel en skrael
Op 'e forgúljemoune
Us goune hurd noch as metael
Kin jo op rinte sette
Al garje jo in fiks kaptael
Jo kin der net fan frette
De wolfeart is hjir minimael
Mar romte by de rûs
Ei litte wy ús soasiael
Mar widzje yn 'e sûs.
| |
[pagina 284]
| |
Gemeentepolityk
44 boargemasters sizze har sechje
En allegear ha se wol har forlechje
Se sizze hoe 't sil, se sizze hoe 't moat
Mar altyd is der wer it tokoart
Yn elke gemeente telt men de noazen
Bin der hwat mear, dan sit men op roazen
Bin der hwat minder men sit op swart sied
Men wit hoe't dat yn Fryslân giet
Yn 't jier 2000 dan bin der miljoen
En kinne wy der mei goed fatsoen
Net mear yn, dan hawwe de Friezen
Har tael al forlern en har lân to forliezen.
| |
Sjitgebetsje fan de boeren mei fiifdeiske wurkwike
De boeren bidde alle sneinen:
Jow ús in kou dy't lykas 't reinen
Twa dagen droech is en fiff dagen wiet
Twa dagen leit en fiif dagen stiet
Fiif dagen fret en twa dagen net
Dat bidde de boeren yn har gebet.
| |
Rymke fan afuk-folder
Kin jo noch net Frysk lêze en skriuwe?
Bin jo dan noch analfabeet?
Mar man dat kin dochs sa net bliuwe
Al binne se der by de fleet
Lear Frysk neffens natuermethoade
It Frysk is nou wer yn 'e moade
Of leit de boel jo sl jocht genôch
Mar Frysk, man, dat wurdt aenst jou kroade...
| |
[pagina 285]
| |
By riten
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Dit is myn alderlêste
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Dit is myn alderbêste
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Is dit wol in gedicht?
By elk fers dat ik skriuw tink ik
It is ek gjin gesicht
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Men soe it ek fordomme
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Myn siel is wer forromme
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Dêr kin J.M. foar dokke
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik kin der wol fan kokke
By elk fers dat ik skriuw tink ik
It is ûnder de mjitte
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik wol it gau forjitte
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik wol alhiel net tinke
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Hjir moat ik fiks op drinke
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Sa moast it ivich bliuwe
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Mar hwerom moat ik skriuwe?
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik bin ommers in dichter
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Hjir bin ik sels de stichter
| |
[pagina 286]
| |
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Dit bin myn moaiste riten
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik haw mysels weiskiten
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik sûgje 't út myn tomme
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Myn hert is wer biklomme
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Dit rint sa glêd as snotte
By elk fers dat ik skriuw tink ik
Ik bin ek net forrotte.
|