Les dit foaral!!
Ta bitinking fan it 20-jierrich bistean fan De Tsjerne binne redaksje en útjowerij fan doel in
literaire middei
to bilizzen op sneon 15 jannewaris 1966 om 2 ûre yn Hotel De Klanderij to Ljouwert.
Abonne's en oare bilangstellenden hawwe dêr tagong foar f 1, - p.p. Studinten hawwe op fortoan fan stúdzjekaert frije tagong. It programma bistiet út in lêzing mei neibisprek oer in literair ûnderwerp (sprekker moat noch tasizze), út solotoaniel fan Rients Gratama dy't komt mei Krystforhael fan Rink van der Velde en út deklamaesje troch Mindert Wynstra en Maeike de Wilde fan poëzij fan Marten Brouwer, Jan Dotinga, Jelle de Jong, Steven de Jong, Hessel Miedema, Tiny Mulder, Tjitte Piebenga, Durk van der Ploeg, Leo Popma en Jan Wybenga, hwerby't in jazz-combo bisteande út (âld)leden fan de Ljouwerter Muzykskoalle soarget foar muzikale eftergroun en omlisting.
Wy hoopje dat gâns lêzers, yntrodusé's en oaren dizze fjirde lustrumfiering bywenje sille.
REDAKSJE EN UTJOWERIJ