Leo H. Bouma:
Polyhistoarysk sneupen yn Gysberts ieu
Ds. J.J. Kalma, Om Gysbert Japiks hinne. Skreaun yn opdracht fan it ‘Gysbert Japicx Komité 1666-1966’. Mei tekeningen fan Jan B. de Leeuw. - Kristlik Fryske Folksbibletheek nû. 71. - A.J. Osinga N.V., Boalsert, 1963.
It plan de Gysbert-bitinking yn to lieden mei in boek foar alle Friezen oer Fryslân yn 'e 17de ieu, hat fortuten dien - fansels soe men sizze kinne, as ds. Kalma der efter stiet. Yn alle gefallen, de ynstânsjes dy't der ta meiwurke hawwe, komt eare ta foar Om Gysbert Japiks hinne. Fryslân kin him in byld foarmje fan it libben yn Gysbert syn tiid út dit nije produkt fan ds. Kalma syn warberens.
Fan it libben. Hwant it earste dat opfalt is, dat alles syn gerak kriget. De hege hearen en de pommeranten sjogge wy, mar de húsman en de fisker, de winkelman en de skoalmaster binne net forgetten. Suver elts faset fan it bûnte libben komt op it aljemint, fan de nearing oant de wittenskip, fan 'e tsjerke oant de herberge, fan 'e flapkanne oant stêdhûsbou, fan bigraffenispreek oant bygelove, fan almenakken oant ‘Almenakken’, yn ien wurd: fan rinkelbel oant deafet.
De foarm fan it wurk is treflik. In bulte lytse haedstikken, allegearre mei in sizwize ta titel en mei in spreuk, foar in great part út Gysbert syn wurk as motto en bisiedde mei in rêst tekeningen dy't de sfear fan 'e tiid merakels treffe. Yn 'e ynlieding sjogge wy de húsman Fokke Simens bigjin 1600 it lân ynsetten, djip yn prakkesaesjes wei oer de sitewaesje en de takomst, en by eintsjebislút kriget syn neiteam op âldjiersjoun de kâns werom to sjen op de tiid dy't it boek omfettet.
Foarsafier't fan tokoarten fan dit boek praet wurde kin - ôfsjoen fan in heap details dêr't krityk op to leverjen is en dêr't ik de lêzer net mei op 'e lea komme wol - binne dat gefolgen fan dy goede opset, liket my ta. Les défauts de ses qualités, sa to sizzen.
Foarst de herhellingen, dy't op 'en dûr slim forfeelsum wurde, fan útdrukkings (de preesterlike gal, Hollân de greate broer, de kromme wegen) en fan saken (de vanitassen, Foecke Floris yn tsjok waer mei de Greattsjerke, ensfh.).
Ek oare dingen meitsje dat it boek net maklik lêst. It falt net ta it achterinoar út to lêzen. De simpele sinbou (‘sljocht en rjocht’?) hat grif sines der ta dien. Binammen it obligate Gysbert Japikshaedstik is der in foarbyld fan.