Meidielingen
De ûntjowing fan de moderne lyryk is ek yn Fryslân in faek bisprutsen forskynsel, dêr't gâns misbigripen oer lykje to bistean. Yn forbân dêrmei sil De Tsjerne yn 'e mande mei it Boun fan Fryske Kunstners in literaire middei hâlde foar abonné's, leden en oare bilangstellenden en wol op sneon 28 desimber 1963, de middeis 2.30 ûre yn Hotel De Klanderij to Ljouwert. It ûnderwerp sil wêze ‘De fryske poëzij doe en nou’. Oanlieding mei ta dit thema hat west it forskinen fan twa resinte dichtbondels fan Jeh. D. de Jong en Tjitte Piebenga, beide útkommen ûnder de titel Fersen. Trije sprekkers, t.w. Steven de Jong, Durk van der Ploeg en Douwe Tamminga, sille earst elk in koarte ynlieding hâlde oer boppeneamd ûnderwerp. Dêrnei sil der gelegenheit wêze ta diskusje. De tagongspriis is f 1, - de persoan. Wy rekkenje op gâns fan ús abonné's.
It earste nûmer fan de kommende jiergong sil bistean út in bondel nije fersen fan Durk van der Ploeg, dy't yn in apart omslach forskynt.
In register fan de ynhâld fan jiergong 1963 sil by dat earste nûmer ynlein wurde.
Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kinne oer de giro of per brievekaert bisteid wurde by de Administraesje foar de priis fan f 1,75.
It abonnemintsjild bliuwt yn 1964 noch ûnforhege. Wolle de lêzers dat honorearje mei de oanbring fan elk ien nije lêzer?
Wolle de abonné's der om tinke dat De Tsjerne sûnt 1962 in eigen gironûmer hat? Lêzersjild moat stoart wurde op gironûmer 1028440 fan Administraesje De Tsjerne, Goudtsjeblomstrjitte 29, Ljouwert. Gewoan abonnemint f 12,50, studinte-abonnemint 10, -. Wol elk foar 1 febrewaris '64 bitelje? By dit nûmer is hjirta in girobiljet ynsletten.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE