Filmkronyk:
It baentsje
De 30-jierrige Italiaenske regisseur Ermanno Olmi, dy't yn 1959 bigoun, is in filmer fan formaet. Syn earste spylfilm Il tempo si è fermato (De tiid stiet stil) krige daliks al bêste kritiken en mear as ien priis. De twadde Il posto (It baentsje), dy't yn 1961 ré kaem, hat syn reputaesje bisterke. Like pretinsjeleas as de titel is it forhael, dat men as in autobiografy biskôgje kin. Olmi hat as jongfeint in baen hawn by Edisons Elektyske Yndustry en de wrâld dy't er dêr kennen learde, is dizze film de delslach fan. De haedpersoan Domenico (treflik spile troch in jonge dy't foar 't earst foar de kamera stie) is in arbeidersjonge út in stedtsje by Milaen. Hy hat syn h.b.s.-diploma en moat oen 't wurk. Heechste idéael foar syn âlden is, dat er in kantoarbaen kriget op in great bidriuw yn it fascinearjende Milaen. Hy stikket dêr om, moat in test ûndergean, slagget en wurdt oannommen, earst as boade en letter, as der mei it forstjerren fan in oare funksionaris in plak frij komt, as klerk. Hy komt oan it efterste tafeltsje to sitten yn in greate tryste seal mei ivich kunstljocht en hat birikt hwat syn heit foar eagen stie: in baen foar it libben.
Mei dat simpele gegeven nimt Olmi de taskôger oardel ûre lang yn 'e bisnijing. Hwa't dat kin is fansels ûnbitinge in kunstner. Hjir bart winliken neat (soms tinkt men even: to min), hjir is gjin plot, gjin klimaks, gjin slot, gjin skokkende dramatyk. Mar wol tragyk, hwant hjir is gjin útsicht. Yn it lot fan ien biskieden, timide, mar net domme jonge wurdt de binearjende tragyk útbylde fan in massa, dy't har libben slite moat op de kantoaren fan in mammoetbidriuw. Mei in greate dearnis lit Olmi jin dizze minsken sjen mei har minime freugden, har problemen, har rûzjes, har krimpende kimen, har ûnynteressant bistean.
Typearjend foar dit formidden is it âldjiersfeest fan it personeel, in barren sa tryst en ynfantyl, dat men der suver kâld fan wurdt. Domenico sit mei in feesthoed op allinne by in tafeltsje en wachtet omdôch op it fanke, dat er graech lije mei. In frij âld pearke noeget him yn har selskip en op it lêst stampt er mei yn de polonaise fan âljende grapmakkers mei feestmûtsen en bernetûters, traepjend op 'e mjitte fan in stompsinnich stik muzyk.
Olmi hat (yn haedsaek sels) syn kamera masterlik hantearre en mei soarch krekt dy bylden keazen dy't ûnforfangber binne. Domenico mei syn forlegene forwûndering en birêsting en yn it lêste byld mei syn greate freegjende eagen, forjit men net maklik. Syn ûnútsprutsen fragen wurde dy fan de taskôger.
In film ûntstien út in bysûnder sosiael protest, mar frij fan alle synisme. In stik sombere wurklikheit, tagelyk aksintuearre en forsêfte troch in mylde bigripende humor. Réalisme en hwat mear, en dit mear docht it krekt. De finishing touch fan de kunstner jowt dy wurklikheit in diminsje, dy't de film op it plan en yn de tradysje bringt fan it klassike Italiaenske neo-réalisme, dêr't Fytsedieven fan De Sica en La Strada fan Fellini hichtepunten fan binne.
INNE DE JONG