Meidielingen:
Sa't it nou liket sille yn 1963 de earste twa nûmers fan De Tsjerne kombinearre wurde ta in dûbeld nûmer, alhiel wijd oan de literatuer, tael en kultuer fan Katalonië. Dit Kataloniënûmer sil om 1 febrewaris hinne forskine.
In register fan de ynhâld fan jiergong '62 sil by it earste nûmer fan de kommende jiergong ynlein wurde.
Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kinne oer de giro of per brievekaert bisteld wurde by de Administraesje foar de priis fan f 1,75.
Mei yngong fan 1 desimber 1962 hat de administraesje fan De Tsjerne in eigen gironûmer krige. Wolle de abonné's dêr rekken mei hâlde?
It abonnemintsjild foar 1963 moat stoart wurde op gironûmer 1028440 fan Administraesje De Tsjerne, Goudtsjeblomstrj. 29, Ljouwert. Gewoan abonnemint f 12,50, studinte-abonnemint f 10, -. Wol elk foar 1 febrewaris '63 bitelje? Hjirta is by dit nûmer in girobiljet ynsletten.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE