tama, ien fan de jonge fortsjintwurdigers fan it Fryske amusemint. In tsjinner fan de lichte muze mei in boartlike geast en in skerp each foar it komyske en soms tragi-komyske. Hwannear't er op 'e praetstoel
Rients Gratama
rekket oer syn eintsje libben, dizze Peinjumer fan komôf, nou Ljouwerter, dan kinne ûnder syn earnstich-saeklik relaes syn eagen ynienen bigjinne to twinkeljen en syn fysionomy út 'e ploaijen teare, om't der him blykber by elk libbensfeit dat er fortelt wol in komike situaesje yn 't sin sjit. Al wer fiif jier spilet Rients Gratama (30) nou mei yn it selskip
Tetman en Jarich. Hy mei Fryslâns bêste kabaretartyst hjitte. Syn libben soe oars earst in hiel oare kant út. Nei syn h.b.s.-tiid hat er mannich broek op 'e kantoarstoel forsliten, earst to Ljouwert en neitiid yn Harns, dêr't er by ‘in singeltsje om’ syn frou foun. Yn it fuotspoar fan syn heit makke Rients jubileumrevues foar personielforienings en fuotbalklubs en spile dêr ek yn mei. Syn debút as lietsjesjonger makke er foar de
RONO mei de tekst
In karke fol wille: titel dy't symptomatysk hjitte mei foar Gratama's bliere libbensynstelling. Sûnt hat de regionale omrop yn him in fêste meiwurker, nei hwa't jong en âld, mar foaral jong, graech harkje mei.
Yn 1958, doe't Klaes Westra by de ploech weirekke, sollisitearre Rients by Tetman en yn ien sneintojounspraetsje wie de saek biklonken. It lietsje Hwat in dei!, songen troch Ryk Landman, waerd syn earste bydrage yn 'e Tetman-programma's. Goed aktyf waerd er pas yn folgjende revues as Hwat is jou libben? ('58), Sa is 't, net oars ('59), Minsken, minsken... ('60), Feestfiere is ek in kunst ('61). Nou is it safier hinne dat Tetman en hy op fifty-fifty basis togearre de nije tekst skriuwe, lyk as foar Omke Doeke ('62). Hwa't dizze wurklisten oersjocht en ken, wit dat Rients Gratama, al wol it himsels amper oan, in nij en modern elemint yn dit foar Fryslân sa wichtich toanielwurk brocht hat. Nij en modern, sûnder de folksaerdige ynslach en it brede publike kontakt skea to dwaen. Dat is in prestaesje, dy't allinne immen leverje kin mei ‘Fingerspitzengefühl’ foar de draechwiidte fan it wurd en it komike fan situaesje en yntonaesje. As Rients Gratama (yn in scene mei Jetske Zylstra) twakear ‘nou ju!’ seit, oars neat, dan leit in hiele seal krom. Soks tekent him as rasartyst.
Fansels sjocht Rients Gratama yn dit libben-fan-alle-jounen-fuort wol biswieren. ‘Wy plege eins in bytsje roofbou’, seit er. ‘Wy kinne net genôch lêze, net genôch oar kabaret sjen, net genôch ta ússels komme.’ Lykwols sjocht er kâns, dizze ek skilderjende wurdkunstner, om tusken de bidriuwen en drokten fan syn bistean noch piano- en sjongles to nimmen! As meidogger oan in audysje foar de televisy wol men bislein op 't iis komme! Kâns om fuortkocht to wurden nei Hollân ta? Lit ús ynlik hoopje fan net. Rients Gratama is gjin lid fan it Boun fan Fryske Kunstners. Nuver genôch.