De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 31] [p. 31] De minne learlingen (Foar de heroën út de skoalmythology). Forspijde, faek forhúnde nul-oant-trije-mannen, swart-snoarke-fervers foar it antlit fan De Pompadour, dy't frij it Wetter-fan-'t-Forjitten rinne lieten oer alle ekers; oerkommelingen dêr't swieroerspannen masters noch foar skrillen yn de rêst fan de klinken; jim koryféen fan in rige oerhearrige fasallen, jim stokelders, hwannear't it striidfjûr djip forfallen lei yn 't lef akkoard fan siel- en geastforrikken; jim, dy't mei rouwe stimmen songen: - Soe 't bliken dwaen dat 'k ûnderyn de rekken fyn, ik freegje gjin bigryp, kalfaterij is der net bij, 't spul sil út de liken en wy dit tichthûs út. Us hoanne kraeit, de tiid is ryp, wês ré foar de kamp, hear de hearen beare fan in ramp. - Jim, helten, mei ik priizgje fan in post yn fijâns kamp. Vorige Volgende