De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 30] [p. 30] Beppe album In skurve bân fan read flewiel mei koperblikken blomfestoenen en in slot dat net mear slút, in album fol stive kartontsjes, sarkjes, dêr't de dierbere deaden brún-giel yn ûnderdûke: froulju mei pelskes en strikjes manlju mei snoarren en burdtsjes foar de twade kear weireitsje. Sa'n family-album wurdt mei 'er tiid in adresboek fan deade Photographen. In brune skym op goare eftergroun is Beppe, ien fan in frjemd folk, mar dochs jong op in pleatske by Wolsum. Yn 1876 wie hja 20 jier. De deaden fan de Russysk-Turkske oarloch dronken noch wodka en ieten komkommers, ear't hja foelen foar de Czaer. Turken mei lange burden hoeden skiep yn de flakten fan Anatolië ear't hja foelen foar Sultan en Great-vizier. Claude Monet siet to skilderjen, - de tunen fan de Tuilerieën. - wylst ús Beppe nei Snits ta ried mei de feint op in krompanielen sjeas. Paul Cézanne lei it antlit fêst fan Mr. Choquet wylst hja yn Snits har troujurk kocht. Dostojewski forkearde mei geasten yn Bad Ems en syn dokter sei: - De dea is noch fier. Beppe dronk bakswetter dat tilde fan de mikroben en har dea wie ek noch fier. Hja is stoarn yn har tachtichste jier. Vorige Volgende