De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 29] [p. 29] Pont de Langlois It heechst rikt it nocht yn it skatterjend blauwe jûchhei fan de loft en it wetter, it heech sopraenblau. It neakene sân fan de wâl en de stiennen fan brêgelânhaden tenoarje yn gieloranje. De brêge, de heechop en loftich homeide, kliuwt steil as in giele sopraenstim, de boppetoanen wyt, de ûndertoanen blau. Mar swiergrien en read is it nocht fan de gerzige bihâldende wâllen, hja heine yn donkere kleden elk lûd. Dit Maertliet fan Pont de Langlois waerd troch Vincent mei ljocht komponearre en klinkt al sûnt achttjin acht en tachtich. Vorige Volgende