De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 28] [p. 28] Forhouneloarte Hat dyn heukrich wanbistek jierren oer de keale diken omkrúst - en it skerpe ljochtsjen fan de sinne skoarret hieltyd skrousker, leger, oer de hieltyd fealer greiden - dan forgroeije nacht en dei ta in húivrich tsjusterwurden. Al dyn skouwe murdeprinten rinne op it koarkflot fan in golle oan. Oantnúnd troch it koarnich kriten fan de lawaeijer op de nael seamje dreamegisels dy nachts om. Hakjend hapst mei smelle kieuwen yn it swarte modderwetter fan forkeazen misbistean. Vorige Volgende