De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 27] [p. 27] Fean Sa lizze, biwuolle yn âlde gravueres út Brockhaus en Brehm, fan bloeijende blommen trochwoechsen, fan blêdden trochsnien, dat de hân, dy't giel yn it feanwetter skymret, plant mei wurdt: in frjemd en bleekwilich forwaechsen; en de fuotten yn fierten fan raeijen en leaven woartel-lyk taest yn 'e sompige groun; en it sjen forgroeit mei it roppen fan fûgels, it rûzjen fan reiden en miggegegouns. Utstâlle to lizzen, in stâlle, hwaens piid it flechtige lok fan himel en ierde útswit as wurden, deadocht as praet. Vorige Volgende