De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] Koine foar twa Hwat woun, hwat forlem, hwat heind, hwat keard en doe wiene wy ré om waermte, kjeld, om wiet en droech âld-nife nammen to jaen. Om by tsjuster en ljocht, by sinne en rein in brêge to slaen fan synjael, elkoar to bineamen fan moarntiid oant moarn en dochs elkoar to ûntgean. Nim fûgeltsje wurd út syn swarte kou, lit him dounsje op it read tonkje en flechtich wêze sûnder forlet, swartstipkestean foar de sinne, heech boppe grien-yn-'t-skadich wetter, mei wieren, mei fisken. Foar ús togearre. Vorige Volgende