De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 25] [p. 25] Wemoed Heide. Smelle, hurde, wite paden. Kûlen. Riggen. Spjochtich gers. Roastich izer, kachels, fytsen. En, djip bidobbe, stiennen ark. Ieuwen bieten groeden yn dit lân. Oan de himel oer de hichten leit de gloed fan Troje's brân. Froulju helje geiten yn, dy't knibbeljend de hurde raeijen sichten. De motor grânzget troch it sân en kliuwt grimmitich nei de hichte mei de iken, dêr't de stiennen op de âlde joadegrêven ûnder heide en moas forsilje. Wite wiven dounsje by de tille. It hûs stiet mânsk en hecht, it hûs is ljocht en smûk. Fûgels, bosk en heide bin forblikke skier stramyn fan al-foarby. Wémoed, set dy to dyn wurk: libbenslang kinst trochborduere. Vorige Volgende