De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 24] [p. 24] Collage De tiid om to breidzjen njonken in prima hurd, de hjerst, is op kommende wei. Fryske fammen sit wol fjûr yn, sei in great âld man mei humor. Mar as de .r. yn de moanne komt, nim dan leaver in hurd en levertraen: alle jounen in leppelfol fan it âlde merk. In leppeltsje mei in Fryske faem is in oantinken fan bliuwende wearde as it aenst kâld wurdt, en de priis is leger as jo tocht biene. Lykwols in petear mei Piebenga oer it wêzen fan de siel fan de Fryske frou yn de iere midsieuwen docht de konkurrinsje de das om: it fordriuwt de kjeld, de namme hat wearde, en bettere waer en tsien persint passe de boer en de stedman. Vorige Volgende