De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 23] [p. 23] Helena Yn har keamer pronkje roazen mar dochs stiet de winter yn skier forset. Hja rôllet de .r. In sigaret forkomt tusken koarstich karmyn. Paris, o, Paris. Mei koartsgleone hannen bûcht hja it swijen om, forballet hoastjend glossen reek. Hastich oerein, minuten as gounzjende miggen mei kranten fordriuwe. Renovare dolorem. En it paed nei it strân fan de sé, en it paed nei 't forbaernd kastiel, forlem efter dagen en jierren, skuort as in skreef troch har siel. Mei mear foarbij bidobbe tusken rju forgield papier in âlde gloary-print: raptus Helenae. Vorige Volgende