De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 22] [p. 22] Winterjoun Stiifferzen deugdsum biwize tuorren fan ynsnijde doarpen it blau laei mei wyt stjerskrift. Us libbens lizze wolbihoede fêst yn wolforgetten kodes: gjin filolooch kin bistammerje ús biografy yn wytgleon wûnderskrift. Wy ha de kaei yn frjemde wetters smiten en boalsfeinten stiet it frij to drêgjen út dounsjende boatsjes op baerjende grêften; lit har de skaden fan hege brêgen mei tûke lantearnen trochwuolje. Wy witte fan neat. As útdaging oan speurhoun en P.T.T. lizze ús doarpen efter sniedunen yn de kontrij dy't wy bilibje, bûte bigryp fan dominy en kommissaris. Vorige Volgende