De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 21] [p. 21] Winter De beammen, forlitten tribune foar fûgels, jowe it sicht op 'e sinne frij. Wy, anti-romsicht, wenje mank fervefûgels op tûken yn muorrebosken: gjin each, gjin ear, gjin stim. Wy, kwekers fan nea net sjongende letterfûgels, ús langst nei it rûzjen fan libjende blêdden oerwintret mei ús op 'e muorren. Wers fan elegyen, brânne wy âlderwenst offers en sjogge wannich .XII. apostels sweevjen, dounsjende bruorren alkaloïden, op ús libben bigien. Vorige Volgende